Se koenen de spulregels net sa goed, mar dochs giet TeamNL foar de prizen op it WK keatsen

Tjisse Steenstra © Orange Pictures
It X Mundial de Pilota, sis mar it WK keatsen, is tiisdei úteinset yn it Spaanske Alzira. TeamNL bestiet út in protte Friezen. Ien fan harren is de PC-kening fan 2022, Tjisse Steenstra.
Oan it WK dogge 21 lannen en gebieten mei. Moandei wie de iepeningsseremoanje. "Fantastysk", fûn Steenstra dat. "Elts lân waard nei foaren helle en doe moasten we troch in grutte seal rinne. Dêr sieten allegear wichtige minsken." It like neffens Steenstra wol wat op de iepeningsseremoanje foar de Olympyske Spelen.

Kealskearde tennisbal

It WK bestiet út fjouwer ferskillende ûnderdielen: ynternasjonaal spul, Valenciaansk spul, One Wall en Llargues. Steenstra tinkt dat Nederlân by alle farianten wol kâns makket op in priis, al hat it team net in soad ûnderfining yn de ferskillende dissiplines.
"We spylje mei in kealskearde tennisbal. Dy hawwe we wol krigen, mar we wisten de spulregels net goed. Dy moasten we opsykje op ynternet. Mar dat hat eltsenien, as we in bytsje normaal spylje, hawwe we kâns om in priis te pakken."
Benammen by One Wall en Llargues wurde prizen ferwachte, al hat Nederlân in drege lotting by One Wall. "We sitte by Meksiko yn de pûl. Dat is in dreech blokje, dus moatte we sjen oft we yn elts gefal de bêste nûmer twa wurde. We hawwe in protte oefene en ik ha der wol betrouwen yn dat we in hiel ein komme kinne."

Boppehânsk sterk

In ferskil mei de oare lannen is dat Nederlân boppehânsk sterk is troch it Fryske keatsen. De oare lannen dogge in soad ûnderhânsk. "We traine der in soad foar. Wy slaan hurd en hiel taktysk, dêr binne wy hiel sterk yn", sa omskriuwt Steenstra de krêft fan it team.
It giet om prestearjen, mar de keatsers genietsje ek folop. "It is skitterjend waar, it is in moai team. Juster hawwe we traind en doe fernamen we dat we der wer hiel bot nocht oan hawwe. Lit se mar komme."