Kwaliteit akute soarch ûnder druk, oare organisaasje nei de takomst ta needsaaklik

De akute soarch by sikehuzen stiet ûnder druk. Dêrtroch komt it foar dat minsken fierder ride moatte as needsaaklik is. It kin sels sa wêze dat der in ambulânse foarby in sikehûs rydt om't dêr op dat stuit gjin spesjalistyske dokter oanwêzich is.
No is dat bûten kantoaroeren al it gefal. Trochdat de lytsere sikehuzen Antonius, Nij Smellinghe en Tjongerschans nau gearwurkje, wurdt de spesjalistyske traumasoarch op dy tiden mar yn ien fan de sikehuzen oanbean. Dat wurdt konsintraasje fan de soarch neamd.
Boargemasters liede de needklok
Boargemasters fan gemeenten mei lytsere sikehuzen lutsen ferline wike oan de belle. Se binne benaud dat troch konsintraasje fan soarch de earstehelpôfdielings fan lytsere regionale sikehuzen yn de knipe komme. Yn Fryslân giet it dan om Nij Smellinghe yn Drachten, Antonius yn Snits en Tjongerschans op It Hearrenfean.
Fan konsintraasje fan spoedeaskjende help is lykwols ek al sprake yn de provinsje. Dat docht net ôf oan de kwaliteit fan de soarch dy't bean wurdt.

Pasjinten wurde bygelyks al spraat. As je bygelyks yn Starum wenje en in hertoanfal krije, dan rydt de ambulânse Snits foarby en giet streekrjocht nei it MCL yn Ljouwert. It sikehûs dêr hat in spesjalisearre hertsintrum.
Dat bart ek as je yn datselde Starum in swier ûngelok krije mei meardere swiere ferwûnings. Dan is de earste halte meastentiids sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêr wurdt de pasjint stabilisearre om sa gau as mooglik oerbrocht te wurden nei it UMCG yn Grins. Dêr sit in spesjalisearre team.
Altyd in dokter
Yn Nij Smellinghe yn Drachten, Tjongerschans op It Hearrenfean en it Antonius yn Snits is altyd in spoedeaskjendehelpdokter beskikber, seit Saskia Wolt. Sy wurket sels as dokter yn Snits. "Er is ook altijd traumazorg aanwezig. Dat verschilt wel als het gaat om een gebroken pols of grotere trauma's. Daarover zijn onderling tussen de ziekenhuizen afspraken gemaakt."
Mar by in stikkene heup is it ferskil noch dúdliker. Troch de wike kinne je yn alle sikehuzen te plak, yn it wykein net, seit Wolt. "Stel dat zoiets op een zaterdagochtend gebeurt, dan ga je eerst naar Sneek. Dan kan het zijn dat je overgebracht wordt naar een van de andere locaties, waar op dat moment de beste zorg is."
Dat hat te krijen mei de berikberheidstsjinsten fan de sjirurgen. Dy wurde ferdield oer de trije sikehuzen.
It MCL yn Ljouwert hat in eigen team klearstean, seit Remko Seinstra. Hy is dêr manager akute soarch. "Wij kunnen hier 24/7 alle zorg leveren. Van laag complex tot hoog. Bij hoog trauma kan dat ook betekenen dat wij stabiliseren en de patiënt doorsturen naar een universitair ziekenhuis."

Troch de spoedeaskjendehelpsoarch sa te ferdielen oer de ferskillende sikehuzen kin de kwaliteit op peil bliuwe, seit Wolt. "Je wordt geopereerd op de locatie waar de zorg het beste plaats kan vinden. Het is natuurlijk niet ideaal dat je niet in je eigen ziekenhuis geopereerd wordt, dus moet je wel regelen dat er een goede overdracht is van je gegevens."
Om de kwaliteit fan de soarch heech te hâlden, moat it neffens Seinstra yn de takomst wol oars: "Het heeft te maken met kwaliteit, betaalbaarheid en toegankelijkheid. De zorg wordt duurder, want er is door de vergrijzing meer vraag. De toegankelijkheid komt daardoor ook onder druk te staan. Kunnen we het nog betalen en kun je overal terecht, zijn wel vragen voor de toekomst."
Folumenoarmen
Seinstra doelt dêrmei ûnder oare op de saneamde folumenoarmen foar dokters en sjirurgen. As sy de noarmen fan in bepaalde behanneling net helje, dan seit dat ek wat oer de kwaliteit, seit Seinstra. "Dan maak je het jezelf niet eigen terwijl we dat wel moeten hebben. Je moet een bekwame dokter aan bed hebben om te weten wat er aan de hand is."
Wolt: "Ja, je kunt tegenwoordig jammer genoeg niet meer in alle ziekenhuizen alle operaties in de volle breedte doen. Dan zou je kwaliteit verliezen en dat kun je niet maken."

By Seinstra en Wolt is begryp foar de eangst fan de boargemasters dat de soarch yn de knipe driget te kommen. Mar, sa seit Wolt, is it de útdaging om te sjen hoe't je yn Fryslân en Nederlân de soarch yn de loft hâlde kinne. "Er zijn overal tekorten aan mensen dus moet je kijken hoe je dat met z'n allen goed regelt. Als het uiteindelijk gaat om de kwaliteit van de zorg ben ik daar niet zo bang voor."
'Konsintraasje goed foar de pasjint'
Seinstra tinkt dêrom dat de soarch oars organisearre wurde moat. "Neem als voorbeeld het hartcentrum hier. Daar werkt het al jaren zo dat als iemand in de provincie iets met z'n hart krijgt, de ambulance naar Leeuwarden rijdt. Dan weet je zeker dat je de juiste zorg op de juiste plek krijgt."
Seinstra pleitet dan ek foar mear konsintraasje. Hy tinkt ek dat it goed is foar de pasjint: "Ik denk dat elke patiënt die een diagnose krijgt, bereid is iets verder te reizen."
Samenwerken is het nieuwe concurreren.
It grutste probleem wurdt it finen en behâlden fan goed personiel. Wolt: "Dat is de uitdaging van nu. Vind de mensen maar. We zijn in Sneek veel mensen aan het opleiden, ook artsen."
Technology
Dy hannen binne nedich, wit Seinstra. It draait no om krapte. "Naar de toekomst toe zijn er veel vacatures in te vullen. We moeten misschien ook kijken naar de inzet van nieuwe technologie om de juiste zorg op de juiste plek te krijgen."
It betsjut ek dat Fryske sikehuzen noch mear gearwurkje moatte. Seinstra: "Samenwerken is het nieuwe concurreren. De marktwerking werkt niet. Dat is gewoon niet houdbaar als je het hebt over betaalbaarheid, kwaliteit en toegankelijkheid."
Neffens him moatte je krekt dêrom goed sjen nei wat je wêr krekt dogge yn de provinsje. "Het is een keten van zorg. Na een bezoek aan de spoedeisende hulp word je doorgestuurd naar een andere plek voor een operatie. Dat is in Fryslân goed op elkaar afgestemd."