Ofslútdyk yn july twa dagen iepen foar fytsers en kuierders

Fytsers oer de Ofslútdyk © ANP
De Ofslútdyk giet dizze simmer foar ien kear iepen. Op 1 en 2 july meie fytsers en kuierders wer oerstekke. Yn dat wykein sille ek De Luchtfietsers de oerstek oer de dyk meitsje yn it ramt fan de Waadfytstocht.
Fanwegen de fersterking fan de Ofslútdyk is it fytspaad oer de dyk al sûnt april 2019 net mear tagonklik. It iepenstellen fan de Ofslútdyk wylst de wurksumheden noch net klear binne, is in komplekse operaasje. Om't de wurksumheden langer duorje as tocht wol Rykstwettersteat fytsers en kuierders dochs yn 'e mjitte komme.

Luchtfietsers

De Waadfytstocht is in inisjatyf fan klimaataktivisten, dy't fan Teksel nei Denemarken fytse wolle. Dêrmei freegje sy omtinken foar de gefolgen fan klimaatferoaring op it Waad. Mei sa'n 100 fytsers sille sy yn trije wiken de Waadkust by del.