Bou fan wentoer fan hast 70 meter úteinset op It Hearrenfean

Hjir moat de wentoer komme © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
It sintrum fan It Hearrenfean sjocht der yn de takomst hiel oars út. Dizze wike is begûn mei de bou fan in hast 70 meter grutte wentoer.
Ferline wike waard al dúdlik dat it Burgemeester Kuperusplein in totale metamorfoaze krijt, dy't foar in grut part finansjearre wurdt mei ryksjild.
De komst fan de wentoer is neffens de gemeente nedich om't der grut ferlet is fan wenromte. "Wy kinne no foarútsjen yn tiid fan wenningneed", seit direkteur-bestjoerder Sigrid Hoekstra fan WoonFriesland. "Ik wit net oft heechbou de takomst is, mar hjir kin it. It is wol wichtich dat it past."
It nije appartemintegebou moat úteinlik bestean út trije parten. In wentoer fan 68 meter heech biedt plak oan 15 ferdjippingen. Oan de eastkant komme apparteminten fan 4 ferdjipppingen heech. Efter de wentoer komt in apparteminteblok fan 3 heech.
De bou fan de yn totaal 92 nije sosjale hierwenten wurdt dien troch Friso Bouwgroep.
Dochs is net eltsenien wiis mei de feroarings op it plein. Twa ûndernimmers dy't in pân hiere oan it Burgemeester Kuperusplein sillle ferdwine moatte. It giet om in sliter en in grientesaak.
Dat de gemeente dêr neat foar docht, fyn ik ûnfoarstelber", seit fêste klant Betty Reitsma. "Se hienen folle better bouwe kinnen by it Abe Lenstra Stadion, dêr is noch folop romte. Dit kostet in hiel soad jild."
Earder wie der ek al krityk fan in oare ûndernimmer, dy fûn dat der te min parkearplakken op it plein foar de wentoer oerbliuwe. De Ried fan Steat gie dêr lykwols net yn mei.
Bou fan wentoer fan hast 70 meter úteinset op It Hearrenfean

Sket mei sjochgatten

En dus giet it projekt troch. Hoekstra fan WoonFriesland, Henk Dedden fan Friso Bouwgroep en wethâlder Jaap van der Veen setten moandeitemiddei útein mei de iepeningshanneling. De start fan it projekt waard markearre mei it ûntbleatsjen fan in sket om it bouplak hinne, dêr sitte sjochgatten yn sadat minsken de bou folgje kinne.
De planning is dat bewenners fan de simmer fan 2024 ôf wenje kinne yn de wentoer.