Steatssekretaris Aukje de Vries jout gastles oer jild yn Dokkum

Steatssekretaris Aukje de Vries op CBS de Regenboog © RTV NOF, Isa Visser
Steatssekretaris Aukje de Vries wie moandeitemoarn yn Dokkum. Op basisskoalle De Regenboog joech se in gastles oer jild. It is dizze wike de wike fan it jild.
De Vries fertelde oer finansjele ferliedingen, lykas reklame. "It is wichtich om hjir al jong oer te learen, sadat je ek letter better mei jild omgean kinne."
De bern fan de basisskoalle wiene entûsjast en binne al wol wat bekend mei sparjen. "Als ik dan bijvoorbeeld geld krijg, dan denk ik na wat ik er mee zou willen doen. Moet ik het sparen of kan ik het uitgeven", jout Xem út groep 7 oan.
Ek Renate is al bewust mei jild dwaande. "Ik sparje soms wol, mar net altyd. Soms gean ik mei freondinnen nei de stêd en dan jou ik it wol wer út oan aardige saken."