Flylanner strân ôfsletten fanwege berte fan in klapmûtse: in bysûndere dwaalgast

De klapmûtsen © Gerard Koster Joenje, vlielandplaatjes.nl.
Der is moandeitemoarn in jonge klapmûtse berne op it strân fan Flylân. Dat is bysûnder, want it seehûn komt gewoanwei yn de poalstreek foar.
It is noch nea earder bard dat der in jonge klapmûtse op it strân fan Flylân berne is. Nei oerlis mei seehûnesintrum Pieterburen hat de plysje en it leger it gebiet ôfsletten foar publyk. As it goed is wurde de bisten dan net steurd yn de sûchperioade, dy't fjouwer dagen duorret.
It ôfsluten fan it gebiet is in tydlike maatregel en it seehûnesintrum hat dêrom noed oer de tastân fan de bisten op langere termyn. It sintrum docht dêrom de oprop om de klapmûtsen mei rêst te litten.
De klapmûtse stiet op de reade list fan IUCN, in organisaasje dy't him dwaande hâldt mei natuerbehâld.
Neffens Sophie Brasseur, ûndersiker by de Wageningen Marine Research en saakkundige op it mêd fan seehûnen, hie net ferwachte dat in klapmûtse op Flylân in pup krije soe. It is echt in arktyske soart. Klapmûtsen kinne wol grutte ôfstannen swimme, mar dat sy Nederlân oandogge is wol in seldsumheid, sa seit Brasseur.
Yn de jierren '90 waarden klapmûtsen faker yn Nederlân sjoen, doe't it min gie mei de fisk yn de noardlike seeën. Yn de ôfrûne tsien jier is der mar trije kear in klapmûtse yn Nederlân opfongen.