Ryk sjit tekoart yn it leefber hâlden fan de regio, ynwenners fiele harren net heard

It Ryk ynvestearret te min yn de regio, dêrtroch rint de ûngelikens tusken de sterke en swakkere regio's op, docht bliken út in rapport fan de Raad voor de leefomgeving en infrastructuur, de Raad voor het Openbaar Bestuur en de Raad Volksgezondheid & Samenleving.
De ûngelikens is werom te sjen yn de ferskillen tusken regio's, bygelyks op it mêd fan sûnens. De libbensferwachting kin wol oant sân jier ferskille tusken Nederlânske regio's.
Neffens Martijn van der Steen, fan de Raad Volksgezondheid & Samenleving, leit dat oan belied. "Die verschillen ontstaan voor een deel doordat we al een periode van zo'n 20, 30 jaar investeren, hetgeen voor de regio's eigenlijk steeds slechter uitpakt."
Foar it rapport binne fiif regio's ûnder de lûp naam: de Feankoloanjes, Parkstad Limburg, Twente, de kop fan Noard-Hollân en Siuwsk-Flaanderen. De ûndersikers hawwe petearen hân mei sa'n 120 minsken wêrûnder bestjoerders, aktive bewenners en ûndernimmers. Dêrneist binne sifers oer wolfeart meinaam yn de analyze. Graadmjitter wie de saneamde 'brede welvaart', dat betsjut: alles wat minsken fan wearde fine, fan sûnens oant feiligens.
Te min jild foar de regio kin der úteinlik foar soargje dat de nasjonale doelen sa as de lânbou- of enerzjytransysje dreger helle wurde kinne. Dat is de konklúzje fan it rapport.
Dat bart fia in 'Neerwaartse spiraal van verschraling'. De foarsjennings yn de regio brokkelje ôf as der te min jild is, dêrtroch ferminderet de leefberens yn in regio. Minsken fiele har net sjoen en der komt minder fertrouwen yn de lanlike polityk.
Mear omtinken foar de regio yn Den Haag
Dêrom wol Van der Steen dat minister Hanke Bruins-Slot fan Ynlânske Saken har bêst dwaan sil dy foarsjennings te behâlden en te fersterkjen. En dat it Ryk en ministers mear omtinken krije foar de regio, "De stem van de regio moet meer in Den Haag gaan klinken, de knop in het landelijke beleid moet om", seit er.

In biblioteek of húsdokter dy't út it doarp ferdwynt, of fierder ride nei in plysjekantoar of de rjochtbank, dat binne mar in pear foarbylden dêr't ynwenners fan de regio's bûten de Rânestêd lêst fan hawwe, docht bliken.
Dat fine ek ynwenners fan Moarre: "Eins alles is feroare sûnt ik in jonkje wie. Wy hiene trije bakkers, in slachter, de grienteboer en ek trije winkeltsjes wiene der wol. No is dat alles der net mear. Foar boadskippen moatte wy nei Dokkum", seit Michiel Heegstra. Minsken dy't mei de bus reizgje, kinne dat net mear út Moarre wei dwaan, mar moatte nei de provinsjale dyk ta.
Wentebou
Henk van Omme sit neist Heegstra op in bankje en is net fernuvere oer it rapport: "Der is gjin goeie soarch hjir yn ús regio. It Ryk tinkt net om ús minsken."
Wêr in doarp as Moarre benammen fraach nei hat, binne wenten, wit de tredde man, Haije Slachman, te fertellen: "Dat meie der wol mear wurde, dêr is wol fraach nei." It rapport sjocht lytsskalige wentebou ek as in diel fan de oplossing yn stee fan grutte wenwiken oan de râne fan stêden.
Ryk sjit tekoart yn it leefber hâlden fan de regio, ynwenners fiele harren net heard
Makelder Lammert van der Kooi kin de huzen wol kwyt yn it doarp fan Wierum. "Jawis, de pleatslike jongerein wol hjir graach wenjen bliuwe, net allinnich yn Wierum mar ek yn oare doarpen." Dochs binne de foarsjenningen ek yn Wierum bot ôfnaam: "In kroech, doarpshús, tsjerke hast hjir noch, dan hâldt it eins ek wol op."
De fermindere leefberens hat ta gefolch dat ynwenners fan dy regio's de ôfstân tusken it Ryk en de regio sjogge en harren net sjoen fiele. Dat resultearret yn it hawwen fan minder betrouwen yn de lanlike polityk. En dat kin it gesach en nasjonale doelen fan de oerheid wer yn de wei stean.
Wêrom komt der sa min jild by de regio terjochte?
As it minne gefolgen hawwe kinne soe, wêrom komt der dan sa min jild by de regio terjochte? Dat komt troch de oanname fan it Ryk dat it it fersterkjen fan de sterke regio's ek profyt opleveret foar de swakkere regio's.

Mar út ferskate ûndersiken docht bliken dat dat net sa wurket: "Sterke regio's trekken de regio's met achterstanden niet mee omhoog, maar zuigen deze juist leeg", stiet yn it rapport. Foarbyld is dat 72% fan de 7,5 miljard fan it Meerjarenprogramma Infrastructuur, Ruimte en Transport (MIRT), nei de Rânestêd plus de regio Eindhoven giet.
Wêr komt it jild no wei?
It jild dat wol yn de regio komt, komt fan it Gemeentefonds wei of út Regiodeals. Mar it Gemeentefonds is allinnich bedoeld foar it yn stân hâlden fan it foarsjenningsnivo en dat bedrach wurdt hieltyd minder.
Dêrneist duorje de ynvestearringen fan de Regiodeals neffens it rapport faak te koart: "Het rijksbeleid plakt beperkt pleisters, op wonden die door dat beleid niet worden gedicht en onbedoeld soms juist telkens verder open worden getrokken."
It Ryk soe in foarbyld nimme kinne oan de Europeeske Uny, dêr krije de regio's folle mear jild om ynvestearje te kinnen yn it gebiet. Provinsjes spylje in wichtige rol yn it oanlûken fan de bydragen. "Provincies moeten ook kijken hoe hun beleid uitpakt in de regio, in bijvoorbeeld de provincie Fryslân gebeurt dat op een constructieve manier."