Dizze wike gjin stakingen yn it streekferfier, fakbûnen en wurkjouwers prate fierder

In bus fan Arriva © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Der wurdt dizze wike net mear staakt yn it streekferfier. Dat is it resultaat fan de petearen tusken de fakbûnen en de wurkjouwers.
Wurknimmers leinen de ôfrûne moannen ferskate kearen it wurk del foar hegere leanen en legere wurkdruk. Op it stuit binne de fakbûnen en wurkjouwers noch hieltyd yn petear.
"Der is besletten om de stakings dizze wike op te skoarten en út te stellen nei nije wike", seit bussjauffeur Andries de Jong. Hy is ek lid fan it fakbûn FNV. "Der is besletten om se dizze wike noch efkes tiid te jaan. En oars is it nije wike wer 'bingo'."

Tasizzingen

It feit dat de stakingen foar dizze wike fan de baan binne, is in ljochtpuntsje, seit De Jong. "Der is wat beweging en der binne wat tasizzingen."
Dochs hâlde de wurknimmers de stakingen efter de hân, mocht der neat út de petearen komme. De Jong hopet dat it safier net komt. "Wy hoopje gewoan dat we derút komme."