Ferkenner Stoffer praat fierder mei seis partijen: "Verschillen zijn te overbruggen"

Chris Stoffer © ANP
Chris Stoffer, dy't troch de BBB foardroegen is as ferkenner foar in nije koälysje yn Provinsjale Steaten, sil fierder prate mei seis partijen. Njonken de BBB sil er ek mei PvdA, CDA, FNP, VVD en ChristenUnie yn petear.
It doel is om in koälysje te foarmjen mei in romme mearderheid yn de Steaten, mei net mear as fjouwer partijen. Der is in sterke foarkar foar in koälysje mei teminsten 24 sitten. De BBB hat sels 14 sitten krigen by de Steateferkiezingen. Dêrnei folgje de PvdA (5), it CDA (4), FNP (4) en VVD (3). ChristenUnie krigen 2 sitten.
Stoffer stelt dat de seis partijen ynhâldlik byinoar passe kinne. De ferskillen dy't der tusken de partijen binne, binne neffens him te oerbrêgjen. Hy seit dat der yn Provinsjale Steaten in breed droegen winsk is om ta in bestjoersakkoart op haadlinen te kommen, net in akkoart dat 'yn detail tichttimmere' is.