FryslânDOK 'Making of Fryske Passy'

Emmaüsgangers - Henri Schoonbrood 1929 © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân stjoert op Goed Freed 7 april in bysûnder konsert út: de Fryske passy 'In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner'. Yn it ferhaal fan dichter Eppie Dam en komponist Gerben van der Veen krige it âlde lijensferhaal fan Jezus in hjoeddeiske betsjutting. Yn in FryslânDOK fan Albert Jensma de making of dizze passy te sjen.
De making of yn FryslânDOK
Sneon 25 maart NPO2 15.30 oere (werhelling 26 maart 13.21 oere)
Snein 26 maart Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
De tradisjonele passys hâlde op by de dea fan Jezus. Mar hjir rint it ferhaal troch mei de skiednis fan de Emmaüsgongers. Twa Fryske keunstners ferlizze mei dizze passy grinzen en sykje in ferbining tusken harren leauwe en wat der no spilet yn de wrâld.
Eppie Dam: "Yn ús ferhaal wurdt dúdlik dat de ienling it hast altyd ôflizze moat tsjin de massa en de macht. Us ferhaal wol ek sjen litte dat jo net op manlju, mar miskien better op froulju bouwe kinne. Froulju binne ivich de stille krêften yn de kantline fan de histoarje."
Eppie Dam © Omrop Fryslân
Gerben van der Veen makke de nije muzyk fan de passy. De passy wurdt songen troch it koar Hortus Vocalis ûnder lieding fan dirigint Gerben van der Veen. De solisten binne Fardau van der Woude, Femke de Boer, Maarten Romkes, Ben Brunt, Ginet Tuinder, Albertus de Jong, Roele Kok en Rinze Ytsma.
De opnames fan de Fryske passy 'In frjemdling yn Jeruzalem' binne op 1 april yn de Roomske tsjerke fan it Hearrenfean. It konsert wurdt útstjoerd op Goed Freed 7 april by Omrop Fryslân om 19.30 oere.
Gerben van der Veen, komponist en dirigint © Omrop Fryslân