Ljouwerter oanholden foar bekladzjen gerjochtsgebou yn Ljouwert

© Shutterstock (Olena Yakobchuk)
De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei in 19-jierrige Ljouwerter oanholden foar fernieling. De man waard sjoen doe't er graffity oanbrocht op it gerjochtsgebou yn Ljouwert.
Om fjouwer oere hinne seach de portier fan in hoarekagelegenheid yn de buert de man by it gerjochtsgebou. De plysje hat him oanholden foar fernieling, der wurdt oanjefte tsjin him dien.