Fan fabryk nei brûsplak: "It Slúsfabryk is in fergetten pearel yn Drachten"

Slúsfabryk © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
In fabryk, boud yn 1962, it earste op yndustryterrein Tussendiepen yn Drachten. Der waarden masines en silo's yn inoar set en oer de hele wrâld ferkocht. No is it âlde Slúsfabryk dat yn 1998 fallyt gong, in brûsplak foar keunstners en makkers.
Inisjatyfnimmer Thea Westra wol graach it gebou in nije bestimming jaan mei wurkromtes, teäter, eveneminten en hoareka. De fergunning dêrfoar hat se in heal jier lyn yntsjinne.
"Want dit is echt in fergetten pearel fan Drachten. Minsken hawwe it altiten oer Philips mar it is myn misje om dit op de kaart te setten, foar elkenien en mei elkenien." Westra wol dat dizze skiednis fan Drachten net fergetten wurdt en dat it yndustriële erfgoed beholden bliuwt.
Slúsfabryk © Omrop Fryslân
Westra runt it Slúsfabryk sûnt 2020. Der sitte bedriuwkes dy't mei de hân wurkje, studio's en ateliers. "Allegear minsken dy't wat meitsje, fotografen, stoffearders, neam mar op."
Ek hawwe der útfieringen west fan teäterproduksjes, lykas Oorlogswinter. Ynkoarten sil de musical Ciske de Rat opfierd wurde yn de grutte fabrykshal.
Ofrûne wykein wiene der iepen dagen yn it eardere fabryk, sa liet Jantine de Keizer sjen dat der net allinne manlju yn de metaal wurkje. "Het is niet heel gebruikelijk, ik zie mensen soms verbaasd kijken. Ik vind het geweldig. Ik vind het fijn om mijn eigen dingen te creëren en met metaal kun je van alles maken."