Ringslang wint terrein yn de Houtwiel troch broeibulten: hûnderten aaikes útkommen

Ringslangen yn de Houtwiel © Staatsbosbeheer
De broeibulten dy't Staatsbosbeheer sûnt in pear jier makket foar de ringslang, slaan hiel goed oan. De natoerorganisaasje fûn mear as seishûndert útkommen aaikes yn de broeibulten dy't foarich jier makke binne.
In broeibulte is in grutte bulte mei rûchte: blêden, tûken, hynstedong, strewelleguod. De bulte wurdt troch frijwilligers makke en is sa'n oardel meter breed, trije meter lang en goed in meter heech. Yn de bulte begjint it te broeien en dy waarmte is nedich foar de ringslang om aaikes ôfsette te kinnen.
Dit jier binne der wer mear broeibulten bykommen. De kâns is dêrom grut dat der noch mear jonge ringslangen berne wurde sille yn septimber. Lang net alle útkommen aaikes wurde ek folwoeksen ringslangen. "It is fergelykber mei kikkertdril", seit Jakob Hanenburg fan Staatsbosbeheer. "Der bliuwe úteinlik mar in pear oer."
Bauke Dijkstra (foaroan) en Jakob Hanenburg by de broeibulte yn de Sippen-finnen © Omrop Fryslân
Troch de broeibulten op strategyske plakken te meitsjen, wolle de natoerorganisaasjes de ringslang ferliede om hieltyd fierder Fryslân yn te lûken. Yn de Sippen-Finnen, in natoergebietsje fan It Fryske Gea by Ryptsjerk dat allinne mei in pontsje berikber is, hat de organisaasje no ek in broeibulte makke.
Der is goeie hoop dat dêr aaikes ôfset wurde. Oft it slagge is, is takommend jier pas dúdlik as de broeibulte ôfgroeven wurdt. As der dan aaidoppen fûn wurde, is it slagge om de ringslang dêrhinne te lokjen.
Bauke Dijkstra fan It Fryske Gea nimt ús mei nei de Sippen-finnen
Minsken sjogge hjir regelmjittich in slang oer it terras krûpen.
Jakob Hanenburg, Staatsbosbeheer
Yn de omkriten fan De Falom, Broeksterwâld en Feanwâlden wurde regelmjittich ringslangen sinjalearre. "Wy krije hiel geregeld meldingen fan bewenners dy't in ringslang oer it terras krûpen sjogge", fertelt Jakob Hanenburg. "Ik krige lêsten noch in filmke fan in man dy wie mei syn dochter oan it farren yn de Falomster Feart en foar de boat út swom in ringslang."
Ringslangen binne net gefaarlik mar se kinne wol grut wurde. "In folwoeksen froutsje kin wol oardel meter wurde", seit Bauke Dijkstra fan It Fryske Gea. "Mar do hoechst net benaud te wêzen, want se binne net gefaarlik. Se ferdigenje har troch in fize lucht ôf te skieden."
Jakob Hanenburg fan steatsboskbehear op syk nei aaikes fan de ringslang yn it Houtwiel
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natoer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.