HEA! Kreaze perkjes yn Appelskea

HEA! Kreaze perkjes yn Appelskea
Der wurdt drok skoffele, wjudde en opromme by de entree fan Appelskea. De mannen fan de grienfoarsjenning soargje derfoar dat de perkjes der wer kreas by lizze.
Foardat it toeristeseizoen losgiet, moat alles der wer wat netsjes by stean. Barry, John, Hielke en Tjalling ha net echt in taakferdieling, mar dogge om en om de ferskillende wurksumheden. Se binne grutsk op harren wurk, hielendal as aanst alles wer moai bloeit.