Persoan ferwûne by brân yn Aldegea

By in wenningbrân oan de Gariperwei yn Aldegea (Smellingerlân) is sneontejûn in persoan ferwûne rekke. It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.
De brân soe útbrutsen wêze doe't de bio-ethanol haard byfolle waard. De bewenner koe de brân noch wol sels útmeitsje.
De brânwachtkorpsen fan Burgum en Aldegea hawwe in neikontrôle útfierd.