FIDEO: Akteurs bongelje fan de toer fan Sint Jabik ôf

Teäter fan de toer fan Sint Jabik ôf
De Groate Kerk yn Sint Jabik is dizze sneon en snein it toaniel fan in wol hiel bysûndere dûnsfoarstelling. Der wurdt net allinne yn de tsjerke spile, de toer sels is ek in poadium foar de foarstelling 'Dans naar de Hemel'.
Akteurs gean fan de top fan de toer nei ûnderen en freerunners rinne troch de tsjerke hinne. It reemeitsjen fan in show as dizze, is op himsels al in flinke toer.
De akteurs bongelje fan de Groate Kerk yn Sint Jabik ôf © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg