Science-fiction, fantasy en horrorfans nei Snits foar twadde HSFCon

Marius de Jonge as Ghostbuster © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
It Van der Valk hotel yn Snits is sneon en snein it sammelplak fan de grutste science-fiction-, fantasy- en horrorfanaten. Foar de twadde kear wurdt HSFCon holden mei in boekeferkeap, lêzingen en fans kinne op de foto mei bygelyks de Ghostbusters.
Dat de konferinsje yn Snits holden wurdt, is tafallich. Yn coronatiid wie de organisaasje op syk nei in lokaasje dêr 't it mooglik wie om in beurs op oardel meter te organisearjen.
Nei't der gjin plak fûn waard yn it midden fan it lân, wike HSFCon út nei it hotel yn Snits. Sneontemoarn wiene der wat fersteuringen yn it treinferfier, mar dat loste de organisaasje op troch de betide gasten sels efkes op te heljen mei de auto.
Science-fiction, fantasy en horrorfans nei Snits foar twadde HSFCon
Penn Stewart is skriuwer fan fantasyboeken. Se reizge seis en in heal oere om lêzingen te jaan yn Snits en sjocht dat in soad oaren ek fan fier komme. "De mensen hier ontmoeten elkaar ook op andere conventies. Ik denk dat het echt passie en saamhorigheid is. Het is een weerzien van vrienden, eigenlijk."
As auteur fynt se yn in fantasysjenre in soad útdaging. It betinken fan nije wrâlden en figueren, en der dan foar soargje dat écht alles kloppet: "Je moet aan zoveel zaken denken. Je moet écht heel perfectionistisch zijn om dit te doen."
Fantasy-skriuwer Penn Stewart © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Ek perfeksjonistysk binne de leden fan Ghostbusters Dutch Division, een groep manlju dy't ferklaaid as personaazjes út de film Ghostbusters in soad op dit soarte beurzen stean.
Fan it overall oant en mei it 'proton pack', alles moat sa folle mooglik lykje as komt it út de film. Lid Marius de Jonge oer dat proton pack, ien fan de wapens út de film: "Die kost toch wel zo'n duizend euro, maar het maakt het wel af."

Te nochter?

Mei-organisator Johannes Scholte tinkt net dat Friezen te nochter binne foar dit soarte fan beurzen: "Science-fiction is de takomst, it is oeral en eltsenien hat der mei te meitsjen."
De beurs liket wol wat op it Amerikaanske Comic-Con, in grutte beurs oer strips en de kultuer dêromhinne. Grut ferskil is fansels dat it budzjet yn Snits in stik lytser is, in oar ferskil is dat der hjir gjin akteurs te finen binne. Scholte: "En wy wolle dat elts dy't by ús komt oan alles meidwaan kin sûnder ekstra kosten, dat is by Comic-Con faak wol oars."
Ferslachjouwer Earryt Sijens op de Sci-Fi beurs