Gjin stikstofferbod foar it peaskefjoer yn Elslo: "Voor ons elk jaar een hoogtepunt"

De peaskebult yn Elslo © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De nijjiersferiening Vesuvius yn Elslo is wer begûn oan in tige âlde tradysje: it bouwen fan in bult dy't op earste peaskedei oanstutsen wurdt. Sa heech mooglik. "Vorig jaar haalden we een recordhoogte van 20 meter, maar we willen nog hoger", seit Sil van den Berg fan Vesuvius.
Sa'n tritich leden wienen sneon de hiele dei mei trekkers yn tou. Fan alle kanten waard hout ophelle. It wie wol efkes spannend oft it allegear mocht fan de gemeente Eaststellingwerf, want op oare plakken yn Nederlân jilde strange regels yn ferbân mei de stikstofútstjit.
Hout foar it peaskefjoer wurdt ophelle
Yn Drinte moatte peaskefjoerorganisaasjes dy't nei 1994 ûntstien binne, bygelyks ûndersyk dwaan litte nei hoe folle stikstof útstjitten wurdt troch de fjurren. "Daar moet je dan een berekening inleveren, want ja, zo'n groot vuur stoot wel het een en ander uit. Maar die ene keer zal volgens mij niet veel uitmaken", seit Van den Berg.
Foar de bult yn Elslo hat de gemeente Eaststellingwerf yntusken in fergunning ôfjûn. Dêr binne de leden fan Vesuvius tige wiis mei, seit Jesse Slager. "Dit is voor ons elk jaar een hoogtepunt. We doen dit met z'n allen voor het hele dorp. Het bevordert de saamhorigheid en dat is in deze tijd belangrijk."
De peaskebult yn Elslo wurdt boud troch in groep frijwilligers © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust