Nei in lange karriêre yn de rjochterlike macht wurdt Herman Hermans (74) gymnasiumdosint

Herman Hermans oan it lesjaan © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Herman Hermans fan Mantgum is âld-vice-presidint fan it gerjochtshôf fan Ljouwert en Amsterdam en hy wie ek 'doctor of philosophy in classical languages and literature' oan de universiteit fan Oxford. No jout er op 74-jierrige leeftiid les oan learlingen fan it kristlik gymnasium yn Ljouwert.
As studint kiest Hermans foar in stúdzje rjochten en hy wurdt rjochter oan de rjochtbank fan Arnhem. Hy docht útspraak op allerhande mêd: strafrjocht, sivyl rjocht, belestingrjocht en mear.
It aardige oan it wurk fynt er it wurkjen mei minsken. "Ik probeer altijd te begrijpen waarom iemand tot een daad komt", leit er út. Hy tinkt net dat er in sêfte rjochter wie. "Zeker in het strafrecht heb ik altijd geprobeerd recht te doen aan iedereen: aan de slachtoffers, maar ook aan de dader en de familie van de dader."

Vice-presidint

Nei Arnhem wurdt Hermans vice-presidint fan it gerjochtshôf Amsterdam. Hy komt nei Fryslân as der in advertinsje yn de krante stiet mei in oprop foar rjochters oan it gerjochtshôf yn Ljouwert.
De frou fan Hermans is ek rjochter en se ferhúzje nei Mantgum. As vice-presidint fan it gerjochtshôf yn Ljouwert is it earst in stik rêstiger as yn Amsterdam, mar dat feroaret yn de jierren dêrnei. "Er kwam veel meer criminaliteit. Vooral drugscriminaliteit en toen was er geen verschil meer in werkdruk tussen Amsterdam en Leeuwarden."
Herman Hermans oan it lesjaan © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Hermans wurdt dêrnei foarsitter fan it Medisch Tuchtcollege yn Grins en dat kin er yn dieltiid dwaan. Dat jout him ek de gelegenheid wer in stúdzje op te pakken en hy hellet syn master Italiaans oan de universiteit fan Grins.
Toen kwam ik bij mijn grote liefde: de klassieke talen.
Herman Hermans
Nei dy stúdzje komt er by tafal oan de universiteit fan Liverpool telâne en dêr hellet er in master yn de klassike talen. "In Groningen kwam ik erachter dat ik toch wel heel graag nog iets wilde doen met mijn grote liefde: de klassieke talen. Ik kwam in Liverpool terecht en na die studie kon ik mijn promotie doen op de Universiteit van Oxford."
Hermans studearret dêr as pensjonaris dus tusken de tweintigers. "Natuurlijk is er leeftijdsverschil, maar er is ook een gezamenlijk doel: we willen allemaal dat papiertje halen."

Underwiisfoech

Mei in cv om 'jo' tsjin te sizzen is Hermans der dan noch net. Hy wol syn leafde foar it Latyn oerbringe op in nije generaasje en boppedat wol er ek syn maatskiplike ûnderfining oerbringe.
Hy giet opnij nei de universiteit, no om syn ûnderwiisfoech te heljen. Nei't er earst syn staazje docht op it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert, wurdt er mei yngong fan dit skoaljier oansteld as dosint Latyn.
Kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Oer it generaal giet it lesjaan goed. "Maar de leerlingen zijn wel veel mondiger dan wij vroeger. En ze kijken anders tegen autoriteit aan. Toch denk ik dat ik wel een natuurlijk gezag heb en respect afdwing."
Hermans jout trije dagen yn 'e wike les. "Als ik na zo'n lesdag thuiskom, ben ik wel vermoeid hoor. Want het is niet alleen het lesgeven. Ik moet het ook voorbereiden en ik kijk altijd al het huiswerk na."
Ik heb speciaal voor het huiswerk een ouderwetse typemachine aangeschaft.
Herman Hermans
In learling fan de twadde klasse fertelt dat Hermans "wol hiel spesifike regels" hat. Dêr bedoelt se mei dat it húswurk op in multomapbriefke ynlevere wurde moat. Hermans nimt dy briefkes dan allegear mei nei hûs en sjocht it dêr nei.
"Ik heb er speciaal een ouderwetse typemachine voor aangeschaft", seit Hermans. "Ik kan dan het papier in de typemachine draaien en er opmerkingen bij typen." Boppedat kinne de learlingen alle papieren mei húswurk yn in map bewarje en alle opmerkingen dy't Hermans der by set hat, neisjen foar in toets.

Ferrast

Op de fraach oft Hermans wolris ferrast wurdt troch de learlingen begjinne syn eagen te glimmen. "Jazeker! Laatst nog: een leerling van twaalf die piekfijn een gedicht uit kon leggen en ook verbanden kon leggen met wat er op dit moment speelt. Dat soort momenten geeft mij grote vreugde."
Harkje hjir nei de Buro de Vries-reportaazje mei Herman Hermans
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.