CDA-steatelid Rendert Algra beskikber as deputearre foar BBB: "Ik sis net op foarhân nee"

As BoerBurgerBeweging oan CDA'er Rendert Algra freget om foar BBB deputearre te wurden, dan sil hy gjin nee sizze. Algra wiist op de oerienkomsten tusken de BBB en syn CDA. Yn Fryslân hiene beide partijen foar in grut part itselde ferkiezingsprogramma.
"In jier lyn bin ik der wol op wiisd troch minsken, dat ik ris by Caroline (Van der Plas, red.) del moast", fertelt Algra. "Dat ha ik noait dien. Mar se witte dat ik yn Fryslân polityk aktyf bin, dus as se my nedich ha, witte se my wol te finen en dan freegje se my wol." Je moatte it mei in iepen blik temjitte sjen, fynt er. "Ik sis net op foarhân nee."
Algra wie earder lid fan de Twadde Keamer en riedslid, en bringt dêrmei in protte politike ûnderfining mei him mei. Nei it swiere ferlies fan de kristendemokraten, yn Fryslân gie it CDA fan 8 nei 4 sitten, moat Algra ôfskied nimme fan de Steaten. Hy stie op it sande plak.
Rendert Algra fynt it spitich dat der foarearst in ein oan syn politike karriêre komt
Nije wike tiisdei is it ôfskied fan de fuortgeande steateleden. Betsjut dat ek de ein fan Algra syn politike karriêre? "Foar dit ritsje wol", seit er. "Sis noait noait, mar oer fjouwer jier binne der pas wer nije steateferkiezingen. It is net gebrûklik dat je tuskentiidsk kolleezjes falle litte en op 'e nij wer ferkiezingen útskriuwe, dus dan is it even oer."
De BBB pakte as nijkommer 14 sitten yn de Steaten. Dat de partij groeie soe, wie wol dúdlik, mar sa bot wie in grutte ferrassing. "Net ien hie dit ferwachte, sa massaal. Ik ek net", seit Algra. "In ierdferskowing wurdt wol sein, en dat is it ek."
Neffens him leit de skuld foaral by de Haachske "elite", sa't er dat neamt. De polityk hat fierstente min each en ear foar de regio hân, fynt er.
Algra ferwachtet dat it kabinet falle sil
Algra ferwachtet dan ek net dat it kabinet noch lang sitte sil. "Ik rop al moannen dat ik derfan oertsjûge bin dat it kabinet klappe sil. As se dit oerein hâlde, dan is it in keunststikje. Dat is net te ferkeapjen nei de kiezer."
We moatte konstatearje dat net allinnich it CDA, mar ek de oare partijen behoarlik it paad bjuster binne.
Ek hat er fûle krityk op syn eigen partij en lieder Wopke Hoekstra. "We moatte konstatearje dat net allinnich it CDA, mar ek de oare partijen behoarlik it paad bjuster binne. Wopke Hoekstra hie noait kieze moatten foar de portefúlje Bûtenlânske Saken. Doe bin ik ôfheakke op Wopke Hoekstra, dêr bin ik hiel earlik yn."
Algra fynt dat Hoekstra foar himsels keazen hat en net foar de partij en it algemien belang. "Dat mei, je meie foar jesels kieze, mar dan moatte je net polityk lieder fan it CDA wêze."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Rendert Algra.
Nettsjinsteande syn krityk fielt er him noch wol thús yn it CDA, seit Algra. Mar hy soe graach sjen dat syn partij wat krêftdiediger wie, bygelyks yn de stikstofproblematyk.
"It is natuerlik in misser fan hjir oant Tokio dat it CDA deryn meigongen is om it skerper te stellen dan dat we it oplein krigen. We hiene de tiid oant 2035, wie oeral regele, en dan geane je yn in kabinetsformaasje sitte en geane je akkoart mei 2030."
Algra hat "gjin flau idee" hoe't it komt mei it nije kolleezje
Algra fynt it net te begripen, mar wol dochs ek net prate fan in swalkjende koers by it CDA. "Dat se it oanskerpe ha, wie dom. Hienen se net dwaan moatten. Dat se de romte jûn ha oan D66, wie net handich. Dat is myn ynhâldlike beswier tsjin it regearakkoart. Dêr hienen se de poat earder stiif hâlde moatten."
Hoe't it nije kolleezje fan Fryslân der aanst út komt te sjen, mei miskien wol BBB en CDA yn de koälysje, wit Algra net. "Ik hie graach by de ûnderhannelingen sitten wollen as adviseur. Mar dat is yn de polityk altyd sa, oft je no wethâlder binne of deputearre, as it ien kear gebeurd is, is it gebeurd."
