Werynrjochting De Blesse opnij fertrage, no troch fersmoarge grûn ûnder Steenwijkerweg

De Steenwijkerweg by De Blesse leit al iepen © Omrop Fryslân
It wurk oan de Steenwijkerweg, de trochgeande dyk troch De Blesse, rint út. De oanpak fan de dyk is ûnderdiel fan de werynrjochting fan De Blesse. Dêrtroch moat it doarp in stik ferkearsfeiliger wurde.
De Steenwijkerweg, in âlde koloanjedyk, rint yn ien rjochte baan fan Wolvegea troch De Blesse en Willemsoord hinne. Regelmjittich ride auto's fierstente hurd oer de dyk. Mei de nije ynrjochting wurdt dat foar in grut part ferholpen. Mar der binne problemen: sa binne der liedingen fûn dy't net op de liedingekaart steane.

Nij sân

Ek is der fersmoarge grûn fûn. Dat smyt fertraging op, seit wethâlder Mariska Rikkers: "We kunnen het zand dat uit de grond komt, niet direct weer gebruiken. Daar moet nieuw zand voor komen. Dat zorgt voor meer verkeersbewegingen, dus duurt het langer."
De Blesse is rjochte op Wolvegea. De Steenwijkerweg rint dêr nei ta. Dus moatte de ynwenners noch in skoft langer omride. "Maar wij willen de Steenwijkerweg graag zo snel mogelijk weer bereikbaar maken, dus we pakken eerst daar door. Daarna pakken we de zijstraten pas aan", seit Rikkers.
Werynrjochting De Blesse opnij fertrage
Oarspronklik wie it plan om mei de boufak klear te wêzen. Dan binne de syddiken nei alle gedachten noch net klear.
Ferfelend, mar begryplik, seit Erwin Bosma, foarsitter fan it doarpsbelang: "Dat is inderdaad spijtig. Voor ondernemers betekent het inkomstenderving. Maar omdat de straat richting Wolvega weer sneller open gaat, komen ze daar de ondernemers waarschijnlijk mee tegemoet."
Neffens Bosma bale de minsken derfan dat it omriden langer duorret, mar witte se ek dat it foar it goeie doel is: "Er komen klinkers in de weg, een hemelwaterafvoer in het midden van de weg en asverspringingen. Daarnaast komt er meer groen in het dorp. Dus hopelijk gaan de mensen straks rustiger rijden."

Leveringsproblemen

De werynrjochting fan De Blesse waard earder al útsteld. Earst soe dy yn 2022 plakhawwe, mar troch leveringsproblemen fan kabels en liedingen is dat in jier letter wurden.