Kompost as beleanning foar goed skieden fan gft-ôffal: "Het gaat goed, maar het kan altijd beter"

De miljeustrjitte fan Omrin yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Ferskate miljeustrjitten yn Fryslân steane sneon yn it teken fan de lanlike kompostdei. Op dizze dei wurdt stilstien by en oanmoedige ta it skieden fan ôffal.
Op de miljeustrjitten fan Omrin yn Easterwâlde, Ljouwert, Stiens, Grou, De Gordyk, en It Hearrenfean wurdt sneon dêrom fergees kompost útdield. "Wij willen onze inwoners heel hartelijk bedanken voor het goed scheiden van gft-afval", fertelt Jorieke Brandsma fan ôffalferwurker Omrin. "Daarom bieden we compost aan op de landelijke compostdag in onze milieustraten."
Minsken kinne sels fergees in karre kompost ophelje, en Omrin sil dit jier ek kompostbakken ferkeapje. Mei sa'n bak kinne minsken thús fan gft-ôffal kompost meitsje, en dat kin wer brûkt wurde yn de tún.
Boppedat hat sa'n bak in posityf effekt op it skieden fan ôffal, seit Brandsma. "Op het moment dat je zelf een compostbak hebt, ben je nog veel bewuster bezig met afval scheiden en wat dat oplevert. Wij zien dat mensen die een compostvat hebben heel goed afval scheiden."

Grize kontener

Fryslân docht it neffens Brandsma al hiel bêst as it giet om it skieden fan ôffal. "We zien dat wij heel goed zijn in het scheiden van gft en etensresten."
Dochs sjocht se romte foar ferbettering. "We zien dat een kleine 30 procent nog in de grijze bak belandt. Dat is ontzettend zonde, want daar kunnen we geen compost van maken."
In bulte kompost © Shutterstock
Om minsken safier te krijen dat se noch sekuerder skiede, hat Omrin ferskate kampanjes. "We doen het goed, maar het kan altijd beter. We zijn er continu mee bezig om inwoners bewust te maken van goed afval scheiden."
Sa'n lanlike kompostdei helpt dêr neffens har goed by. "Het is direct zichtbaar wat scheiden oplevert. Dat zie je terug bij de mensen, mensen zijn enthousiast. Dit is de beloning voor het goed scheiden."