Omrop Fryslân

Troch in spultsje yn de kunde komme mei de gemeenteried, Akkrumer bern leare oer de polityk

Bern út Akkrum spylje Democracity
© Omrop Fryslân
In spultsje om yn de kunde te kommen mei hoe't it yn de gemeenteried wurket, dat is Democracity. Bern fan groep 8A fan OBS Akkrum spilen it spultsje freed yn de riedseal fan de gemeente Hearrenfean.
Hjirby foarmen se sels fraksjes en moasten se mei elkoar yn debat oer it pleatsen fan bygelyks in azc, in sikehûs of park yn harren stêd. Twa riedsleden en in wethâlder folgen it spultsje op de foet en wienen beskikber foar fragen.
In spultsje oer de gemeenteried

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.