Noardeast-Fryslân komt mei subsydzje fan 1.500 euro foar doarpsfeesten

Aant Jelle Soepboer © Omrop Fryslân
Doarpen en stêden yn de gemeente Noardeast-Fryslân kinne tenei maksimaal 1.500 euro subsydzje krije foar it organisearjen fan it doarpsfeest. Organisatoaren hawwe te krijen hân mei oprinnende kosten. De subsydzje is bedoeld om dêr tsjinwicht oan te bieden.
It ynhieren fan EHBO'ers, ferkearsregelers en it hieren fan ôffalkonteners binne de ôfrûne tiid hieltyd djoerder wurden. It kolleezje fan de gemeente Noardeast-Fryslân is benaud dat feestkommisjes troch de finansjele risiko's hielendal gjin feesten mear doare te organisearjen.
Wethâlder Aant-Jelle Soepboer hopet dat de subsydzje de organisaasjes stipe sil om dochs in doarpsfeest te hâlden. "Sokke feesten binne wichtich foar de gearhing en foar de leefberens, en we sjogge dat dy ûnder druk stiet."

"Dit potsje nimme we seker mei"

Sierd Miedema fan de stichting Holwerter-Feest is bliid mei de stipe. "Wy besykje alle jierren in doarpsfeest te organisearjen tsjin sa leech mooglike kosten. Mei de oprinnende prizen binne alle ynkomsteboarnen wolkom."
Foar Holwert is 1.500 euro 15 oant 20 prosint fan de organisaasjekosten, in moaie tafaller. "Dit potsje nimme we seker mei", seit Miedema.

Optocht mei weinen

Njonken jild wol de gemeente it oanfreegjen fan fergunningen ek makliker meitsje. Boppedat moat der dúdlikheid komme oer de fersekering by optochten mei fersierde weinen.
Soepboer jout oan dat de gemeente ek neitinke wol oer in kollektive fersekering dêr't meardere feesten ûnder falle soenen, mar oft dat slagget, doart Soepboer net te sizzen.