Famylje út Snits oer earste dei ramadan: "It is wat moais"

Iftar by de famylje Khalaf-Alhnfich © Omrop Fryslân
Yn de keuken stiet it iten noch op, wylst de wenkeamer stadichoan folrint mei famyljeleden. Tongersdei wie de earste dei fan de ramadan. Yn Snits kaam de Syryske famylje Khalaf-Alhnfich gear foar de iftar: it miel dat nei sinneûndergong wer iten wurde mei.
"It is in hiel moaie dei. Hast wol toarst en nocht oan wat, mar it is ek wat hiel moais", fynt Ebrahim Alhnfich, de heit fan de húshâlding. "Hjoed is it de earste dei, dus dan fielst it mear. De kommende dagen wurdt it wol minder."
Mohamad Alhnfich, de soan fan Ebrahim Alhnfich, hie it minder swier. "De eerste dag valt mee. Nu is het nog niet zo moeilijk."

Famyljemoanne

Foar de famylje is it in wichtige moanne, wêryn't se in soad mei-inoar binne en stilstean by wat se hawwe. "De ramadan is der om ús ûnderfine te litten wat oare minsken fiele, dy't gjin jild ha foar iten of wetter", fertelt Ebrahim Alhnfich.
De Syryske famylje út Snits komt byinoar om nei sinneûndergong te iten by de iftar:
Famylje Khalaf-Alhnfich oer de ramadan
De Khalaf-Alhnfich-famylje bestiet yn totaal út 15 persoanen. Dêrom fynt heit Ebrahim it bysûnder om elkenien mei de ramadan te sjen. "It is wat hiel moais om tegearre te iten."
"Voor ons betekent het heel veel", fertelt Mohamad Alhnfich. "Je ervaart dat je dichterbij God bent. Dat voel ik echt zo."

Wat is de ramadan?

De ramadan is foar moslims de wichtichste moanne fan it jier. It wurdt ek wol de fêstelmoanne neamd. Dat betsjut net ite, drinke, smoke en gjin seks tusken sinneskyn en sinneûndergong.
De ramadan stiet yn it teken fan tankberens, bidde en meilibje mei de minsken dy't it minder hawwe. Ek is it in moanne dy't yn it teken stiet fan famylje.

Oars as yn Syrië

It fieren fan de ramadan giet yn Fryslân wol oars as yn Syrië. "Yn Syrië diele je 30 minuten foardat de iftar begjint je iten mei de buorlju", seit Ebrahim Alhnfich. "Wy hawwe goed kontakt mei ús buorlju, mar sy hawwe net itselde leauwe. Dus dat is wol in ferskil."
De ramadan wurdt nei 30 dagen fêstjen ôfsletten mei it Sûkerfeest.