Bysûndere opdracht foar Ljouwerter boekbinerij: 300 Japanske bibels meitsje

Boekbiner Wietze Fopma © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
De boekbinerij fan Wietze Fopma út Ljouwert hat út Japan wei de opdracht krigen om 300 Japanske bibels te meitsjen. It is in bysûndere opdracht, en foaral ek in soad wurk.
"De fraach wie om it sa tradisjoneel mooglik te dwaan", seit Fopma, wylst er de skarnieren mei de grutste soarch op it boek befêstiget. "Se woene it sa ticht mooglik by it orizjineel hâlde, dus der moat goud op dy blêden."
Boekbiner makket Japanske bibels
Dat moast eins blêdgoud wurde, mar dat soe in meunsterput wurde, leit de boekbiner út. "Dat koe oars yn Japan wol, want dêr makken se it de stik, no binne it der 300. As je dan betinke dat je mei sa'n goudblêdsneed sa'n fjouwer oeren dwaande binne, de kant fan it boek." Dêrom hat Fopma keazen foar in masinale oplossing.
In Japanske bibel © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It wurde úteinlik swarte boeken, mei bibelteksten, folslein yn it Japansk. De earste side sit foar wat Europeanen wend binne achteryn. Fopma fynt it tige bysûnder dat syn foto en namme, yn it Ingelsk en Japansk, foaryn de bibel stiet.
Fopma wurket oan in bibel © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Sels mei de help fan masines moat in part fan it binen mei de hân dien wurde. Fopma ferwachtet noch wol efkes dwaande te wêzen mei bibels. "Hjir bin ik noch wol in pear moannen mei oan de gong."