Fryslân docht mei oan proef mei flitspeallen dy't hieltyd op in oar plak opdûke

De flitspeallen © Iepenbier Ministearje
Fryslân kriget twa mobile flitspeallen. De peallen sille op fiif ferskillende lokaasjes ynset wurde. It giet om twa lokaasjes yn Ljouwert (Aldlânsdyk en de Grinzerstrjitwei), de Noardwesttangent by Froubuurt, de N355 by Bûtenpost en de N358 by Surhústerfean.
It giet om in proef, seit deputearre Avine Fokkens: "We hebben vanuit de overheid een aantal richtlijnen gekregen. Het gaat dan onder andere om verkeersintensiteit, veiligheid en de inrichting van de weg."
Fryslân kriget twa mobile flitspeallen
Der is sjoen nei lokaasjes dêr't faak te hurd riden wurdt, seit Fokkens: "Daar krijgen we klachten. Dit zou kunnen helpen." De peallen stean maksimaal twa moannen op ien lokaasje. Dêrnei wurde se ferset. Dat makket it ûnfoarsisber wannear't se wêr stean. Neffens Fokkens fergruttet dat de ferkearsfeiligens.
De proef duorret in jier. Dan wurdt evaluearre oft de peal goed wurket en ek echt foar mear feiligens en legere faasje soarge hat.