Films Johanneke Dijkstra te sjen yn Hollywood "In soad prate, reade lopers, kamera's, foto's"

Johanneke Dijkstra op it filmfestival fan Cannes © Johanneke Dijkstra
Mei twa filmproduksjes melde Johanneke Dijkstra har yn Los Angeles, op it prestizjeuze Filmapalooza. Mei in jetlag fertelt se oer dizze bysûndere ûnderfining. "Der wiene safolle prikkels. In soad prate, reade lopers, kamera's, foto's."
Mei har films PLONS en Tandem wist Johanneke Dijkstra út Ljouwert yndruk te meitsjen yn Amearika. Beide binne 48 hours-projekten, wêrby't films yn twa dagen fan a oant z yninoar set wurde moatte.

Bylden fan Skiermûntseach

"PLONS is humoristysk en Tandem mear serieus. Dy film giet oer twa susters dy't harren ferstoarne heit in lêste plakje jouwe op Skiermûntseach", fertelt Dijkstra. "Dat rekke minsken. De bylden binne dus trouwens ek op it eilân makke. Dêr krigen we in soad positive reaksjes op."
Hollywood © Pixabay
Der wiene 150 dielnimmende stêden oanwêzich op it filmfestival. "Hast alle makkers wiene der. It hie plak yn in grutte bioskoop yn Hollywood. Dêr hiene je ferskate blokken, dêr't je inoars films besjen koene." Der sieten ymposante eksimplaren tusken. "Bygelyks ien út Sjanghai, oer hoe't de wrâld makke is. Hoe kinne je soks yn 48 oeren foarinoar krije, tocht ik."

Flitserij op rode lopers

Dijkstra hat har acht dagen ûnderdompele yn Amearika. Se moat noch hieltyd efkes 'lânje' yn Nederlân. "Net allinnich fanwege de jetlag, mar ek troch alle yndrukken dêr."
Yn maaie pakt Dijkstra wer har koffer. Dan fljocht se wer nei Amearika. Har film Tandem is nominearre foar de grutte broer fan Filmapalooza: Cannes. "We binne al op syk nei in Airbnb."
Ik wol graach in folgjende stap meitsje. En it klinkt wat ûnsympatyk, mar dêrfoar moatte je 'credits' sammelje.
Johanneke Dijkstra
Dijkstra is bliid dat se sa oan de dyk timmerje kin. "Ik wol graach in folgjende stap meitsje. En it klinkt wat ûnsympatyk, mar dêrfoar moatte je 'credits' sammelje. Minsken freegje faak 'wa bisto, wat hast dien?'. Hooplik kin ik sa stappen meitsje en letter meiwurkje oan searjes en films."
No noch efkes moaie klean sjen te regeljen. "Foarige kear, doe't ik der yn 2016 wie, hie elkenien skitterende galajurken oan. Dus we moatte mar ris sjen oft wy in kleansponsor fine kinne."