Frou út Ljouwert slacht buorman yn scootmobyl mei flesse wyn op de holle

Rjochtbank © Shutterstock
In 31-jierrige frou út Ljouwert dy't har eardere buorman mishannele mei in flesse wyn hat gjin straf oplein krigen fan de rjochter. De frou hat psychyske problemen en is yntusken opnaam yn in ynstelling yn Beetstersweach.
De Ljouwerter hie har buorman dy't yn in scootmobyl siet mei in folle flesse wyn op de holle slein. De twa bedarren dêrnei wrakseljend op de grûn. De frou skopte har buorman meardere kearen tsjin it liif. Dêrby rûn er in klaplong, in brutsen tean en in harsenskodding op.
De rjochter wiisde in skeaclaim fan it slachtoffer fan 1.400 euro ôf, om't er earder al ris 2.500 euro út it Schadefonds krigen hie.

Wol skuldich, gjin straf

It wie net de earste kear dat de frou yn oanrekking kaam mei justysje. Sa hie se al ris in winkelferbod oertrêde en fernielde se in rút fan it Ljouwerter gemeentehûs. De frou is nei in rjochtlike machtiging opnaam yn in ynstelling yn Beetstersweach.
Fanwege har problematyk besleat de rjochter om de frou wol skuldich te ferklearjen, mar gjin straf op te lizzen.