Azc-skoalle Papilio yn Burgum krijt der trije ekstra lokalen by

Papilio yn Burgum © RTV NOF
Der is romtegebrek by de azc-skoalle Papilio yn Burgum. Om goed ûnderwiis oan de learlingen op dizze skoalle jaan te kinnen is útwreiding needsaaklik mei trije tydlike lokalen tichtby Papilio.
Njonken de oanwêzige flechtlingen binne yn maart en april 2022 in soad boargers it oarlochsgeweld yn Oekraïne ûntflechte. Tytsjerksteradiel fangt in part fan dizze boargers op. Oan de bern fan dizze âlden moat ûnderwiis jûn wurde.
Mei it each op de spesifike ekspertize fan de azc-skoalle Papilio wurdt dit ûnderwiis troch dizze skoalle jûn. Troch it ûntstiene romtegebrek binne de learlingen yn earste ynstânsje yn leechsteande lokalen fan it MFA yn Hurdegaryp opfongen. "Ik bin tige bliid mei it beslút want it is hurd nedich", fertelt wethâlder Caroline de Pee.

Ynvestearring

Foar it oankeapjen en pleatsen fan trije tydlike lokalen is in bedrach fan 535.000 nedich. De ynvestearring kin bekostige wurde út in spesjale regeling en in oanfoljende útkearing.
De ried hat sûnder stimming akkoart jûn foar dizze útjefte. "It wie foar de ried dêrom ek gjin dreech beslút en ik hoopje dat we no hurd starte kinne."