VLOG: Hoe ferrûn in dei ramadan foar Miranda Werkman?

Hoe ferrûn in dei sûnder iten en drinken foar Miranda?
Miranda Werkman die foar it earst in dei mei oan de ramadan. Dat betsjutte in dei lang net ite en net drinke. Yn har vlog lit se sjen, hoe't se de dei belibbe.
Tongersdeitemoarn foar fiif oere begûn it yn it tsjuster mei in moarnsbrochje en in grutte pot tee om sa de rest fan de dei sûnder iten of drinken te kinnen. It is foar it earst dat Miranda meidocht oan de ramadan. Wylst se research die foar in programma waard se ferskate kearen frege oft se sels ek meidwaan woe.
"Sa healwei de middei is der in dreech momint. De búk begjint te rommeljen en de mûle wurdt plakkerich." Krekt as Miranda tinkt dat dan de dreechste oeren begjinne, fielt se har dêrnei best wol fris en enerzjyk.
Miranda Werkman mei de Syryske famylje Khalaf/Ahlnfich © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Krekt foar sân oere jûns giet de sinne ûnder en kin Miranda it fêstjen ferbrekke. Dat docht se troch oan te skowen by de Syryske famylje Khalaf/Ahlnfich, dy't har hiel gastfrij ûntfangt. Ek dat heart by dizze belangrykste moanne foar de moslims. Tinke om je neiste, meifiele mei de minder bedielden en je liif en geast suverje.
Troch tritich dagen lang net te iten of te drinken tusken de opkomst en it ûndergean fan de sinne. Om sa tichter by it leauwen te kommen.