Kurator posityf oer trochsetten soarch fallite jeugdhelp MeiDy yn Damwâld

It gebou fan MeiDy yn Damwâld © RTV NOF, Demi Hoekstra
De fallite soarchynstelling MeiDy yn Damwâld kin mooglik in trochstart meitsje. Dat tinkt kurator Romana Bremer dy't besjocht hoe't it fierder moat mei de organisaasje.
Ofrûne tiisdei waard MeiDy fallyt ferklearre. De organisaasje biedt spesjalistyske jeugdhelp en stipe foar húshâldingen mei bern oant en mei 18 jier. De soarchynstelling koe, neidat de Belastingdienst in grut part fan de coronastipe weromfrege, de holle net mear boppe wetter hâlde.
Kurator Bremer stiet posityf yn it trochsetten fan de soarch. "Ik haw de ôfrûne dagen al in pear telefoantsjes hân fan partijen en ynstellingen dy't wol graach fierder wolle mei dizze soarch", seit se.
De soarch foar de kliïnten wurdt op it stuit gewoan trochset "Dat wie ek ús earste soarch, as dat mar trochgie. No is it de kommende wiken sykjen nei in permaninte oplossing."
It personiel fan MeiDy bliuwt de foarearst noch foar de organisaasje wurkjen. "Wy hawwe it UWV yn Nederlân, dat op dit stuit de betelling oernimt", seit Bremer. "Se krije harren lean gewoan betelle. Yn dy perioade besykje wy dus in oplossing te finen, wêrby't wy safolle mooglik personiel behâlde kinne."
De eigener fan MeiDy wol gjin reaksje jaan foar de kamera. Neffens Bremer is it foar de organisaasje in grutte klap. "Sy binne tige teloarsteld. It is tryst foar harren dat it safier kaam is."