Ferbouwing plysjeburo Drachten offisjeel úteinset: gebou wurdt lytser en duorsumer

It plysjeburo oan it Moleneind yn Drachten wurdt ferboud. It wurdt moderner en duorsumer makke, want it foldocht net mear oan de hjoeddeiske easken.
Tongersdeitemoarn wie de offisjele start fan de ferbouwing fan it plysjeburo. De wurksumheden passe yn de plannen fan de nasjonale plysje om romte yn te leverjen. "We moeten bijna een derde terug in vierkante meters", seit Koen Hoefnagel, haad operaasje fan de plysje.
"Dat betekent dat je goed moet nadenken hoe je je werk organiseert en welke ruimtes je daarvoor nodig hebt. Dat betekent dat er een carrousel op gang komt om toekomstige collega's een plek te bieden. En we moeten ook voldoen aan de energietransitie. Dus het raakt meerdere facetten."
Plysjeburo Drachten wurdt lytser en duorsumer
Sa sil de yndieling fan it gebou feroarje en wurde der mear fleksplakken makke, en it sil folle duorsumer wurde. Mei ledferljochting en sinnepanielen besykje se om it goede enerzjylabel te krijen. Boppedat wol de plysje yn 2030 60 persint minder CO2 útstjitte.
De ferbouwing fan it Drachtster plysjeburo sil in jier duorje.