Needgjalp bestjoer keatsklup Jan Bogtstra yn Frjentsjer: "Der moat in frisse kop foar"

Foarsitter Ludwig Seerden fan keatsferiening Jan Bogtstra yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
It fuortbestean fan keatsferiening Jan Bogtstra fan Frjentsjer rint gefaar. It slagget mar net om nije bestjoersleden te finen. It noch sittende bestjoer docht dêrom in lêste needgjalp oan de leden om de keatsferiening, dy't dit jier 130 jier bestiet, yn libben te hâlden.
De keatsklup hat 180 leden, wêrfan sa'n 50 jeugdleden. It bestjoer fan Jan Bogtstra bestiet lykwols noch mar út twa leden: in foarsitter en in materiaalman. "Dêr kin in feriening net op draaie, dat is net te dwaan", seit foarsitter Ludwig Seerden.
Hy is sechtjin jier aktyf as foaroanman, mar wol it stokje graach oerdrage. "In kear in frisse kop derfoar is echt needsaaklik. Ik sykje al seis jier om in opfolger."
It is fiif foar tolven foar keatsferiening Jan Bogtstra yn Frjentsjer
De needgjalp hat al wat fertuten dien. Twa minsken ha har oanmeld. Der is in mar, seit Seerden: "It binne twa haadklassekeatsers, dy ha yn de simmer gjin tiid. Dat past dan net. Der binne ek noch oaren dy't har oanmeld ha foar funksjes. We besykje dat no rûn te krijen. Yn de rin fan april ha we in ledegearkomste, dan moatte we sjen wêr't we stean."
As der net genôch kandidaten binne, kin de feriening net troch, wit Seerden. Mar dat allinnich al útsprekke, jout him in soad pine. "Ik sjoch it hielendal net sitten dat Jan Bogtstra net mear bestiet. Je moatte it allinnich skerpstelle. Der moat nij elan yn."
Keatsferiening Jan Bogtstra yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
Seerden hopet dat troch it skerp te stellen minsken opstean, om har yn te setten foar de feriening. "Nim Minnertsgea en Bitgum as foarbyld. Dêr is ek in groep opstien en dy hat sein: we meitsje der wat fan. Dat slagget dêr hiel goed."
Hy wit ek dat it nea wer wurdt as yn it ferline. "Yn de jierren '80 bestie it bestjoer út alve minsken. Je ha der fiif nedich om goed te funksjonearjen."
Keatsferiening Jan Bogtstra yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
Dat net ien de ferantwurdlikens drage wol, hat neffens Seerden te krijen mei de maatskiplike ûntwikkelingen. "Eltsenien hat it drok. Beide âlden wurkje en ast dan tiid oerhast, wolst dy ek oars besteegje. Mar ek it feit dat we hjir yn in stêd sitte. Yn in doarp sjitte je al gau ien oan as dy in pear kear net west hat. Dat dogge je hjir minder."
Oft keatsferiening Jan Bogtstra yn maaie noch bestiet, is foar Seerden gjin fraach. "Nee, dat moat gewoan. As it safier al komt, dan sis ik: dan doch ik it wol sels. Mar safier moat it net komme."