Klassyk muzikant Rob Faltin bringt Bach nei Fryslân

Muzikant Rob Faltin struts út Switserlân wei fia Amsterdam del yn Fryslân. Yn Noardewyn fertelt hy ûnder oare oer syn oankommende Bachkonsert, de ferskillen tusken Nederlân en syn bertelân, en syn wurk as terapeut.
Rob Faltin (ek bekend as Rob du Jardin) koesteret in foarleafde foar klassike muzyk. As bern stimde er de radio ôf op de klanken fan syn mem. Dy wie operasjongeres. As se optrede folle se op ôfstân de wenkeamer mei har suvere stim.

Lid Koninklijk Concertgebouworkest

Faltin naam har muzikale passy oer. Yn 1989 ferhuze er fan Genève nei Amsterdam, dêr't er by Herman Krebbers studearre oan it konservatoarium. Letter soe er lid wurde fan it Koninklijk Concertgebouworkest. Hy spilet fioele, trompet, piano en hy sjongt.
Hy belibbe in moaie tiid. Mar dochs gong er fuort. "Alle wiken in oar repertoire op hiel heech nivo. En der wie in goede sfear. Allinne ik stie op 'e achterste rige, by de altfioelen en trompetten. Dat besoarge my pine oan de earen", seit Faltin.
Je moatte fan feroaring wat posityfs meitsje. It is in kâns om dysels op 'e nij út te finen.
Rob Faltin
Hy melde him siik en kaam net mear werom. Weemoedich weromsjen docht er lykwols net. "Je moatte fan feroaring wat posityfs meitsje. It is in kâns om dysels op 'e nij út te finen. Falle en oereinkomme. Dêr learst it measte fan."
Faltin fûn it geweldich doe't er yn Amsterdam kaam te wenjen. De iepen en direkte sfear yn Nederlân spruts him bot oan. "Soms, foaral yn Amsterdam, koe it wol pittich wêze. Want yn Switserlân binne der oare omgongsfoarmen. Yn Nederlân is it lân flak, mar is der in soad fariaasje yn de minsken. Yn Switserlân sjochst it tsjinoerstelde: in soad reliëf yn it lânskip, mar de minsken binne minder útsprutsen en mear op harsels."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Yn Amsterdam woe er him oanmelde by in smartlappekoar. Hy krige te hearren dat dat koe, mar dat er earst in donaasje dwaan moast. Nei't er it bedrach oermakke, hearde er trije jier lang neat. Oant der sein waard dat syn tongfal dochs net sa matchte. "Doe tocht ik, ik wurd Frysk. Ik ha de taal leard en waard hjir hertlik ûntfongen."

Helpe by eangststeurnissen

Yn Fryslân pakte er de tried op as muzikant, en waard er terapeut yn Ljouwert. Dêr wurket er no twa dagen, en de oare twa yn Amsterdam. "Tweintich jier doch ik dit wurk. Ik help minsken mei in eangststeurnis. It bringt my foaral in soad gelok."
"It idee dat je wat dwaan moatte allinnich om je jild te fertsjinjen, dêr doch ik it net foar. Oant no ta is dat goed slagge. Ik sjoch nei myn wurk en de minsken dy't ik der oantref", fertelt Faltin. De kontakten bringe moaie útdagingen mei harren mei. "De ien is benaud foar messen, dêr't de oar de strjitte net op doart. It is prachtich as in behanneling slagget en de eangst te behearskjen wurdt."

Wat is skjintme?

Werom nei de muzyk. Want op 2 april krûpt Faltin efter de piano yn de Menistetsjerke yn Ljouwert. De gasten kinne preludes en fuga's út it Wohltisjerte Klavier fan Johann Sebastioan Bach ferwachtsje. Ofwiksele mei ymprovisaasjes. "Dat is wêr't myn muzikale enerzjy no hinne giet. Studearje en oefenje. "
Tema fan it konsert is 'Skjintme', en de syktocht dêrnei. "Dat wurd kinst ek keppelje oan muzyk. Want wat is skjintme yn dat gefal? Is dat as de muzyk útskreaun wurdt, ymprovisaasje, of fernimst it ferskil hielendal net tusken dy twa?" Faaks folget op 2 april it antwurd.

De top 5 fan Rob Faltin

Artyst Nûmer
Mosolov Iron Foundry
Rachel Székely 2
Olga Lowina Als Amsterdam Eens Bergen Had
Rob du Jardin Alwer in Fries
Rob Faltin Skientme