Hearrenfean en Dokkum kinne opknapt wurde: gemeenten krije jild fan Ryk

De Syl yn Dokkum © Omrop Fryslân, Daniël de Boer
De gemeenten Hearrenfean en Noardeast-Fryslân krije respektyflik 4 miljoen en 1 miljoen euro fan it Ryk om de winkelgebieten yn it sintrum oan te pakken. Wethâlders binne der tige wiis mei en hawwe al grutte plannen.
"Wy wiene út de skroeven. want de earste kear dat wy it oanfregen waarden wy ôfwiisd", seit wethâlder Pieter Braaksma fan Noardeast-Fryslân. It sintrum fan Dokkum moat neffens de gemeente wat kreazer wurde. "Mei dat ien miljoen wolle wy wat moaiere en lúksere stien, lantearnepeallen fan net 1150 euro mar 1750, gewoan even wat mear sfear."
Ek komt yn de hege strjitte wer in âlde poarte: "As in nije tagong ta de binnenstêd, it moat allegear wat smûker wurde", stelt Braaksma. Fierder sil it winkelgebiet kompakter wurde, komt der mear grien yn de stêd en wurde de kades opknapt. "It jout echt in boost", seit de wethâlder.
Ryksjild foar binnenstêden
Gemeente Hearrenfean krijt fjouwer miljoen en sy pakke it dus ek wat grutter oan. Moandei wurdt begûn mei in wentoer fan 92 apparteminten, by it oanslutende Burgemeester Kuperusplein komt in parkeargaraazje.
Wethâlder Jaap van der Veen leit út wat de plannen binne: "Als we de auto's van de andere parkeerterreinen naar de parkeergarage verplaatsen hebben we op de andere parkeerterreinen plek voor meer groen. Dat zorgt voor meer sfeer, dan worden het plekken voor ontmoeting en beleving."

Boargertop

Ek wol de gemeente in supermerk ferpleatse fan it sintrum nei it plein sa't dy better berikber is foar frachtweinen.
De sintrumfisy is diels út in boargerfoarum kaam, de saneamde G1000 top. Dêr binne 47 projekten útrôle. Dat is kompleks, mar no't in soad ûndernimmers achter de plannen steane, is it goed út te fieren, fynt Van der Veen.
Noardeast-Fryslân beklammet ek it belang fan de ûndernimmers en tinkt sels de plannen yn trije jier útfiere te kinnen yn stee fan de sân jier dy't sy dêr foar krije. Hearrenfean is noch wol langer dwaande, ûngefear oant 2030.