Sensoaren moatte ynsjoch jaan yn bêste omstannichheden foar beammen

In sensor yn de beam © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De sûnens fan beammen yn Ljouwert wurdt fan no ôf ûndersocht. Doel is om te sjen wêr't nije beammen yn de stêd it bêste plante wurde kinne. Want, sa fynt de gemeente, Ljouwert moat griener.
Der binne woansdei by fjouwer beammen op ferskate plakken yn de stêd sensoaren pleatst. Dêrmei wurdt ûnder oare de groei yn de gaten holden.
Undersiker Bert Heusinkveld fan de Universiteit Wageningen hat de apparatuer tsjin de beamstam oanbrocht. "Vanaf nu weet ik precies hoe de boom groeit, zelfs per uur." De sensoaren bliuwe trije jier hingjen.
Ljouwert pleatst sensoaren op beammen
Neffens Heusinkveld is it wichtich om de fitaliteit fan de beammen yn de stêd geregeld te testen. "Vooral nu het klimaat opwarmt. We hebben het gezien tijdens de zomer vorig jaar. Toen was het droog en en extreem warm, zeker in de stad tussen de woningen en op de tegels. Daar kunnen bomen slecht tegen." Ek it sâlter wurden fan de grûn yn Fryslân sil ynfloed ha op de sûnens fan in beam, stelt Heusinkveld.

Griene stêd goed foar de sûnens

De gemeente Ljouwert wol mei dit ûndersyk útfine wêr't de bêste plakken foar beammen binne. "Want wy wolle lykas elkenien in griene stêd", seit Nico Kelderhuis fan de gemeente. Oar ûndersyk hat útwiisd dat grien yn in stêd in soad foardielen hat: bewenners fiele harren better en beammen soargje foar skaad yn hite simmers en beskermet tsjin UV-strieling.
Neist de beam dy't ûndersocht wurdt, hinget apparatuer dat ferskate mjittingen dwaan kin. De gemeente seit mei klam dat "er op geen enkele manier iets wordt gemeten waarop huizen of personen in beeld komen of dat er een datastroom op gang komt waarbij bewoners of voorbijgangers zijn betrokken."
Undersiker Bert Heusinkveld bringt de apparatuer oan © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust