ProRail mei dassen by spoar Molkwar ferpleatse

In das © Shutterstock
De dassen by it spoar by Molkwar meie ferpleatst wurde. De Rijksdienst voor Ondernemend Nederland (RVO) hat tastimming jûn oan ProRail om de bisten ferhúzje te litten.
Troch de dasseboarch ûnder it spoar ride der al sûnt 13 maart gjin treinen tusken Warkum en Starum. ProRail hat dêrom in keunstboarch meitsje litten, sadat de dassen harren dêr fêstigje sille yn stee fan ûnder it spoar.

Lokje nei de keunstboarch

Omdat de das in beskerme bist is, moast de RVO earst wol tastimming jaan om it plan út te fieren. Dat is no dus bard.
En dus kin ProRail oan de slach, mar om de bisten nei de keunstboarch te lokjen, moat der noch wol wat barre.
"Het spoor ligt op een dijkje. Daar is allemaal vegetatie en dat is weggemaaid, zodat hij minder dekking heeft. Dan leggen we op dat talud een soort hekwerk waardoor hij ook niet meer in de dijk kan graven en dat het minder plezant is om te zijn", leit Aldert Baas fan ProRail út.

Kattelûkje

Op de besteande boarch wurdt in soart kattelûkje pleatst. Dêrtroch kinne de dassen der wol út, mar der net wer yn. "Dan zoeken ze een alternatief. Dat ligt nu naast het spoor", wiist Baas op de keunstboarch.
Baas neamt de operaasje in "enorme klus". "Over kilometers moeten we maatregelen nemen zodat de das niet terugkomt, maar we moeten ook 150 meter spoor voorzichtig gaan afgraven en herstellen. We willen heel graag 24 april klaar zijn, dat wordt nog heel hard werken om dat te kunnen halen."
Neffens ProRail binne der lanlik sa'n fjirtich lokaasjes dêr't dassen yn de buert fan it spoar libje. Dit kin yn de takomst gefolgen hawwe foar de stabiliteit fan it spoar. Op dit stuit binne der tusken Den Bosch en Boxtel ek al problemen. Dêr ride oant tiisdei gjin treinen.