Utslach ferkiezingen Wetterskip bekend: ien kandidaat mei foarkarstimmen keazen

Wetterskip Fryslân yn Ljouwert © ANP
By de definitive útslach fan de ferkiezingen foar Wetterskip Fryslân ha der gjin grutte ferskowingen mear west. Dat betsjut dat de BoerBurgerBeweging de grutste partij wurdt yn it algemien bestjoer, mei sân sitten.
Dêrnei komt Water Natuurlijk mei fjouwer sitten. De fraksjes fan it CDA, PvdA en FNP komme elk yn it bestjoer mei twa sitten. Ien sit is der foar de VVD, ChristenUnie, Partij voor de Dieren en BVNL.
Fan de alve partijen dy't meidienen oan de ferkiezingen, ha njoggen partijen it algemien bestjoer helle. Lagere Lasten Burger en AWP binne bûten de boat fallen.
It algemien bestjoer fan it wetterskip bestiet út 25 leden. Dêrfan binne 21 keazen oer de njoggen neamde partijen. Ien kandidaat komt der mei foarkarstimmen yn, dat is Trijntje Albada fan de FNP. Se stie tredde op de list, mar krige 4.972 stimmen. Der wienen 4.014 nedich foar in foarkarssit.
De ferkiezing fan Albada giet te'n koste fan Bram Bonnema, dy't twadde op de list fan de FNP stie.

Fjouwer fêste sitten

Dêrnjonken binne der noch fjouwer fêste sitten: dy wurde net keazen, mar oanwiisd troch belange-organisaasjes fan lânbou en natuer (elk twa). De ôfrûne perioaden wienen der noch sân fêste sitten (trije foar lânbou, twa foar natuer, twa foar bedriuwen), mar troch in wetswiziging ferdwine der trije.
De fjouwer leden dy't dy fêste sitten ynfolje, binne yntusken oanwiisd troch LTO Noord (lânbou) en de Vereniging van Bos- en Natuureigenaren (natuer). Sy ha Frank Jorna en Cees-Pieter van Burgsteden beneamd foar de lânbou en Jelle Arjaans en Klaas Zwart foar de natuer.
Zwart is foar de PvdA ek keazen yn Provinsjale Steaten, dus hy sil nei alle gedachten syn sit yn it wetterskipsbestjoer opjaan.

Súdwest it bêst fertsjintwurdige

De ynstallaasje fan it nije algemien bestjoer is woansdeitejûn 29 maart. De gemeente Súdwest-Fryslân is it bêste fertsjintwurdige yn it nije bestjoer, mei acht leden. Dêrnei komt Waadhoeke mei trije en dan Eaststellingwerf, Ljouwert en Noardeast-Fryslân mei elk twa.
Wenplakken fan de nije leden foar it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân (klik hjir foar in gruttere werjefte):