WEROMBLIK: Ramadanreportaazjes út it Omropargyf

Nei ûndergong fan de sinne wurdt it iftar-miel iten © Omrop Fryslân
Hjoed is de ramadan begûn. Dat betsjut foar moslims tritich dagen lang, tusken de opkomst en ûndergong fan de sinne gjin iten, gjin drinken, net smoke en gjin seks.
It is de islamityske moanne fan it fêstjen: neist net ite en drinke giet it ek om bidde, tankberens en it meilibjen mei minder bedielden.
Yn jannewaris 1998 filme Omrop Fryslân yn de Turkske moskee fan Ljouwert en by rydynstrukteur Topalakli thús:
Foar wa't oerdeis oan it wurk is of nei skoalle moat, is it in drege tiid fansels. Mar oan de oare kant is it ek wol gesellich: minsken geane byinoar op besite of krije thús gasten te iten. Wat oerdeis mist wurde moat, wurdt yn de jûnsoeren ynhelle.
Fryske moslims fertelle yn 2005 oan Omrop Fryslân hoe't sy de ramadan belibje:
Hoe geane je as proffuotballer mei de ramadan om? Omrop Fryslân prate yn 2003 mei Hearrenfeanspiler Said Bakkati en trainer Foppe de Haan. De klup hold der rekken mei: Bakkati hoecht allinne middeis te trainen en op in wedstriiddei mei er wol ite.
Fuotballer Said Bakkati yn 2003 oer syn oanpaste yt- en trainingspatroan by de ramadan:
De ramadan wurdt ôfsletten mei in feest: dêr mei wer gewoan iten en dronken wurde. Faak is der in soad swiet guod.
Dit jier falt Eid al-Fitr, of it Sûkerfeest, op 21 april. Wa't dan noch om boadskip moat, is te let. Lykas mei de krystdagen wurdt der al earder foar ynslein en is op de dei sels net alles mear te krijen.
Lege skappen by de spesjaalsaak oan de ein fan de ramadan 2003:

Ramadan-feitsjes

* Ite en drinke mei allinnich foardat de sinne opkomt en neidat de sinne ûndergiet.
* Bern en froulju dy't yn ferwachting binne, hoege net mei te dwaan. As je siik binne, kinne je de imam om frijstelling freegje. It fêsten moat dan letter wol ynhelle wurde.
* De iftar is it miel dat op 'e jûntiid iten wurdt, faak mei de hiele famylje en gasten. Der wurde ferskate resepten optsjinne.
* Neist fêstjen giet it ek om dissipline, selsbehearsking en besinning. Dat betsjut ek gjin seks, net smoke en gjin lúkse, lykas parfum.
* De ramadan is net alle jierren op deselde datum. De perioade ferskoot hieltyd tsien dagen om't de begjindatum basearre is op de moannekalinder ynstee fan de sinnekalinder.
* De ramadan wurdt ôfsluten mei it feest Eid al-Fitr. De namme betsjut it ferbrekken fan it fêstjen. Der wurde dan in soad swiete hapkes iten, dêrom wurdt it ek wol Sûkerfeest neamd.