Wenûndersyk yn trije Fryske doarpen: "Woningen bouwen is meer dan het toevoegen van stenen"

Deputearre Fokkinga nimt it rapport yn ûntfangst © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hoe en wêr kinne je it bêste wenningen bouwe yn Fryske doarpen? Dy fraach stie sintraal yn it ûndersyk fan it buro Polyfern yn Utrecht. De ûndersikers hawwe yn Koudum, Buren op Amelân en Reduzum sjoen nei de bêste oplossingen foar it wenningtekoart.
Neffens Jorrit Noordhuizen fan it ûndersyksburo hawwe benammen starters en senioaren problemen om in geskikte wenning te finen. "Daar komt nog bij dat veel randstedelingen in Fryslân huizen kopen voor een weekendje. Dat zou niet mogen, dat is slecht voor de leefbaarheid in een dorp."
Yn Buren op It Amelân binne Rotterdamske projektûntwikkelers aktyf om wenningen te keapjen en te ferhieren oan toeristen, neffens de ûndersiker.

"Word niet te groot"

It buro Polyfern sil de kommende tiid foar alle Fryse doarpen in soarte fan hantlieding skriuwe. "Daarmee kunnen we zien waar precies behoefte aan is en wat past bij een dorp. Woningen bouwen is meer dan het toevoegen van stenen."
Noordhuizen jout it advys oan de doarpen: "niet te groot worden, maar kleinschalig blijven. Dan houd je het gemeenschapsgevoel dat zo kenmerkend is in een Fries dorp."
Deputearre Klaas Fokkinga hat de stúdzje 'In plak ûnder de sinne; woansdei yn ûntfangst nommen: "Geweldich wurk."
Mei minister Hugo de Jonge fan Folkshúsfesting is ôfpraat om de wenningbou te ferhastigjen. Foar 2030 sille der sa'n 17.500 wenten byboud wurde. Fierder wurde der 2.400 ferâldere wenten sloopt.