Frysk tallship mei fjirtjin learlingen oan board rint fêst yn Noarwegen

It skip Noorderlicht fan Swan Expeditions © Reddingsdienst Noorwegen
It Fryske sylskip Noorderlicht is yn de nacht fan woansdei op tongersdei mei 26 minsken oan board fêstrûn yn Noarwegen. Tongersdeitemiddei is it skip loskaam. Under de passazjiers binne fjirtjin bern fan 14 oant en mei 17 jier, meldt de Noarske omrop NRK.
De learlingen binne nei in hotel yn it plak Lauvsnes brocht.
Twa fan de learlingen komme fan it Christelijk Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert, befêstiget koördinator Masterskip Ernst Buurma fan dy skoalle: "We hebben contact gehad met de ouders van onze leerlingen. We hebben over het algemeen goede ervaringen met Masterskip, sinds 2018 doen leerlingen van ons mee."
It 46 meter lange skip strâne fannacht om 02.30 oere by Rugholmen, in eilantsje noardlik fan de stêd Trondheim. In healoere letter krige de rêdingsmaatskippij fan Súd-Noarwegen de melding dat it skip yn need wie.
In opfarrende learling fan de skoalle út Ljouwert jout de situaasje troch:
"We zijn met de boot gestrand op een rots, iedereen is okay, we missen alleen de kapitein en de engineer maar die zijn okay. De boot is voor zover we weten in orde en waarschijnlijk reizen we verder met alleen een "kleine" vertraging."
It skip is fan it bedriuw Swan Expeditions út Akkrum. Direkteur Cristophe Meijer lit witte dat de learlingen mei in rubberboatsje nei de kant brocht binne en dêrnei nei in hotel. Trochdat de generatoaren út moasten is de ferwaarming útfallen en is in hotel komfortabeler.

Min sicht

"De kapitein en stuurman zijn aan boord gebleven en maken het schip weer klaar om los te komen en de reis te vervolgen. De ouders van de trainees zijn ingelicht. Ook zij hopen dat de reis snel weer verder gaat", seit Meijer.
De rêdingstsjinst hat elkenien fan board helle, op de kapitein en de stjoerman nei. De oare opfarrenden kamen oan it begjin fan de moarn oan by it fêstelân. De stimming ûnder har is goed, wit Meijer te fertellen. Der binne gjin ferwûnen.
De kapitein fan de rêdingsboat sei tsjin NRK dat der in sniestoarm wie en it sicht 'matich' wie. De ferwachting is dat it waar fierder minder wurdt. Hy wyt it fêstrinnen oan in flater fan de bemanning. Meijer seit dat der gjin oanwiisbere oarsaak is en dat der ûndersyk dien wurde moat, dat kin wiken duorje.
De Noorderlicht is it twadde skip fan Swan Expeditions. De skippen wurde brûkt foar in ûnderwiisprogramma foar learlingen fan Nederlânske middelbere skoallen. Sy krije de mooglikheid om it silen op in tallship ûnder de knibbel te krijen en tagelyk regulier ûnderwiis te folgjen.
De Noorderlicht is begjin 2022 oanskaft troch Swan Expeditions, fanwege de grutte belangstelling foar sokke reizen. It skip wurdt njonken de ûnderwiisreizen ek brûkt foar toeristyske ekspedysjes nei de Noardpoal.
It skip út 1910 kaam ôfrûne jier ek al yn problemen, doe op de Atlantyske Oseaan. It skip waard ûnbestjoerber. De as fan de skroef wie nei achteren ferskood en tsjin it roer oankaam. Dêrtroch wie sawol stjoere as op de motor farre net mear mooglik.