Ferâldere seespegelfoarsizzings brûkt by gaswinning, seit Waadferiening

In Waadplaat foar de kust fan It Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De gas- en sâltwinning ûnder it Waad wurdt dien op basis fan ferâldere foarsizzings oer de seespegelstiging, seit de Waadferiening. As de nijste gegevens brûkt wurde, leit dy seespegelstiging wol in tredde heger.
En dat is wichtich, want de winning fan gas en sâlt wurdt neffens it hân-oan-de-kraan-prinsipe dien. Dat is om foar te kommen dat it Waad permanint ûnder wetter komt te stean. En dan makket it wol wat út as de seespegelstiging hurder giet as yn de no brûkte berekkenings, seit Frank Petersen fan de Waadferiening. "Hoe sneller de zeespiegel stijgt des te minder ruimte er is voor aardgaswinning."
De Waadferiening hat beswier oantekene tsjin dizze gong fan saken en stiet neffens Petersen net allinnich yn har beswieren: "Tot onze verbazing ontdekten we dat eigenlijk ons argument voor dat bezwaar ook nog eens gedeeld werd door het Staatstoezicht op de mijnen."

Earder ophâlde

Ien en oar kin derfoar soargje dat de gas- en sâltwinning earder ophâlde moat as 2035. Dat is de datum dy't koartlyn troch it kabinet neamd is foar it beëinigjen fan de winning ûnder it Waad.
Tongersdeitemoarn praat in Keamerkommisje oer de mynbouplannen fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De Waadferiening hat guon politike partijen bypraat oer de kwestje oer de seespegelfoarsizzings.