Wiebe Idsinga 'de lêste fytser' is ferstoarn

'De lêste fytser' Wiebe Idsinga © Omrop Fryslân
Wiebe Idsinga fan Frjentsjer, better bekend as 'de lêste fytser' is moandei yn syn wenplak ferstoarn. Idsinga waard yn hiel Fryslân bekend troch in reportaazje yn telefyzjeprogramma HEA!
Dêryn waard hy folge by de Fytsalvestêdetocht fan 2012. Idsinga soe op 'e fyts te let by de finish komme yn Boalsert, mar waard troch de biezemwein oppikt en werombrocht.
Syn útspraak 'Ik fyts troch, dan mar gjin medalje' waard legindarysk. Yn de edysje fan de Fytsalvestêdetocht fan 2013 waard Idsinga oeral werkend, as in lokale held fytste er in earerûntsje.
Sjoch hjir nei de reportaazje dy't HEA! yn 2012 makke oer Idsinga:
Wiebe Idsinga, de lêste fytser
De reportaazje, makke troch Janko Krist en kameraman Gerko Jonker wûn de Prix Circom, de Europeeske priis foar programma's fan regionale omroppen.
Wiebe Idsinga is 76 jier wurden.