In dei net ite en drinke: Miranda docht mei oan de ramadan

"Doe je zelf ook mee Miranda?" Ferskate kearen krige Miranda Werkman dy fraach as sy mei moslims belle om te freegjen hoe't se ramadan fiere soene. "Wêrom ek net?", tocht se. En sa komt it dat se fan 'e moarn foar fiif oere yn it tsjuster oan har moarnsbrochje sit.
De hiele dei net ite en drinke om sa te fielen wat earme minsken fiele. Om sa ek wer mear wurdearring te hawwen foar it iten en it net as fanselssprekkend te sjen. En ek om je liif en holle te himmeljen.
In dei net ite en drinke: Miranda docht mei oan de ramadan
Ja, ek de holle, want je gedachten moatte ek suver wêze. Gjin nuvere dingen oer minsken tinke of sizze. Gjin seks. Dizze moanne is ek de tiid om rûzjes wer goed te meitsjen en ekstra goed om je neisten te tinken. Mar it is ek de tiid om safolle mooglik by je famylje te wêzen.
Miranda Werkman is oan de gong mei in programma oer ramadan yn Nederlân. Dat wurdt makke troch de NTR yn gearwurking mei ferskate regionale omroppen. Sadwaande is se research oan it dwaan en ferdjippet se har yn de belibbing fan dit moslimfeest.
Se fernimt dat minsken bot nocht ha oan it feest, lykas wy hjir útsjogge nei de krystdagen. Der binne hieltyd mear net-moslims dy't nijsgjirrich binne hoe't it is om te fêstjen en sy besykje it sels ek foar in dei.
Iftar
Hielendal ek as se sjogge dat har kollega's of buorlju dat 30 dagen lang dogge. Ek binne der ferskate iftars wêrby't net-moslims ek wolkom binne. It iftar is it jûnsmiel wêrmei't it fêstjen ferbrutsen wurdt. Hiele famyljes komme dan byinoar.
Mar it wurdt ek organisearre yn moskeeën of buerthuzen. Jong ondernemend Fryslân, JOF, organisearret bygelyks in iftar op woansdei 12 april yn poppoadium Neushoorn. Ek net-moslims binne wolkom en wurde útnûge om foar in dei mei te dwaan oan de ramadan.
Gjin wetter drinke
De sinne is yntusken op, dus foar Miranda begjint har earste ramadandei. "Ik sjoch der it meast tsjinoan om net te drinken, ek gjin wetter." Se wurket thús, dus de geuren fan it bedriuwsrestaurant fan de Omrop kinne har net yn de ferlieding bringe. Of kollega's dy't omrinne mei kofje of tee.
"En ik mei ek net toskepoetse, dus foar de kollega's is it ek nofliker dat ik thús bin", laket se. Fierder lit se it mar oer har hinne komme en hopet se dat se net te sleau wurdt. Har dei einiget by de Syryske famylje Alhnfich. Se is útnûge om dêr oan te skowen by it iftar. "Ik kin net wachtsje oant de sinne ûnder is."
Fia ferskate Omropkanalen kinne je Miranda Werkman hjoed folgje. Yn de 'stories' van de Omrop Instagram en fia de radio (92.2 fm) hâldt sy eltsenien op de hichte. Letter op de jûn kinne je hjir har vlog sjen oer hoe't har dei wie.
Moarn sjogge je by Omrop Fryslân hoe't de famylje Alhnfich de earste dei fan de ramadan belibbe hat.