Friso Snits útskeakele yn bekertoernoai nei op 'e nij in ferlies tsjin VV Utrecht

Nynke Oud © Dijks Media
De follybalsters fan Friso Snits binne der net yn slagge de finale fan it nasjonale bekertoernoai te heljen. Nei in 3-2 yn de earste wedstriid gie ek de return mei 3-2 nei de Utrechters.
Friso Snits hie it dreech yn de earste set. It kaam mei acht punten ferskil efter, mar de Snitsers lieten sjen oer fearkrêft te beskikken. Oant de ein fan de set gie it lykop. Utrecht miste meardere setpoints en úteinlik wie Snits it meast gelokkich: 30-28.
Trainer Harry van den Brink oer de wedstriid
Yn de twadde set kamen de Snitsers op in komfortabele foarsprong. Utrecht joech folle minder tsjinstân as yn it earste bedriuw. Mei in setstân fan 25-15 kaam de tuskenstân yn de wedstriid op 2-0.

Utrecht draait it om

VV Utrecht moast de tredde set winne om útskeakeling foar te kommen. Utrecht wie ek sterker en kaam al fluch mei acht punten foar. Dizze kear koe Snits net weromkomme. De set einige yn 19-25 en dus libbe Utrecht noch: 2-1.
De fjirde set wie tige spannend. Beide ploegen slaggen der net yn om in grutte foarsprong te pakken. Dizze kear wie Utrecht yn de einfaze it meast gelokkich: 24-26. Dêrmei waard it 2-2 yn sets.
Lieze Braaksma sjocht werom op it treffen mei VV Utrecht
No lei de druk wer by Snits. Ferlies yn de fiifde set soe útskeakeling betsjutte. Wat dat oanbelanget, koe de start fan Snits net minder: it kaam mei 0-3 efter. De Snitsers fochten harren op striidlust wol werom yn de set en poetsten fjouwer matchpoints fuort, mar it wie net genôch. De set einige yn 15-17 en dêrmei einige de wedstriid yn 2-3 foar Utrecht. Sy meie harren opmeitsje foar de bekerfinale.