Tûzenen lamkes wurde de kommende tiid berne yn Hantumerútbuorren

Lammen © Omrop Fryslân
De maitiid lit wat it waar oanbelanget noch eefkes op him wachtsje, mar yn de stâl fan de famylje Kingma yn Hantumerútbuorren kinne je der net omhinne. De kommende tiid wurde dêr tûzenen lamkes berne.
Sa'n twatûzen drachtige skiep steane der yn de stâl fan Kingma. Dy moatte mei-inoar sa'n 4.000 lammen krije. Eelkje Kingma: "Wy binne no krekt in wykje dwaande en wy hawwe al hûnderten lamme, dus dat giet moai."
Hûnderten lammen berne
It ôfrûne jier wiene der noch in soad trijelingen mar dat is neffens Kingma net ideaal: "Gemiddeld hoopje je dat in skiep twa bringt. En dat dogge sy dit jier ek. Dat is ek it bêste foar it skiep. Wy hoopje op allegear twalinkjes."
Helpe by it lamjen hat de foarkar. "Dan witte wy, dat it libbet, dat de kopkes skjin binne. En as de buorfrou ek lammet witte wy yn elts gefal: dy twa lammen hearre by dat skiep."