Syryske Snitser fertocht fan minskesmokkel, IM easket 24 moannen sel

In 40-jierrige Syriër dy't yn Snits wennet wurdt fertocht fan minskesmokkel. It Iepenbier Ministearje hat 24 moannen sel tsjin de man easke om't er migranten út Grikelân wei nei oare Europeeske lannen smokkele hawwe soe.
It IM fertinkt de man fan dielnimming oan in kriminele organisaasje, it ferfalskjen fan reispapieren en minskesmokkel. Tusken maaie 2020 en septimber 2021 soe er migranten foar jild nei West-Europa smokkele hawwe.
Oansprekpunt
De man soe in oansprekpunt wêze foar migranten dy't út Grikelân wei mei it fleantúch trochreizgje woenen nei oare bestimmingen. De organisaasje dêr't de Syryske Snitser ûnderdiel fan west hawwe soe, ferfalske asylfergunningen. Mei dy falske papieren koenen minsken fierder Europa yn reizgje.
De fertochte ûnderhold fia syn telefoan in protte kontakt mei in hantlanger yn Grikelân. Der waarden geregeld berjochten stjoerd oer hoe't se dokuminten it bêste ferfalskje koenen. Boppedat waarden der foto's oanpast mei Photoshop.