Polityk spul om Thialf soarget foar frustraasje by UNIS Flyers: "Sa kinst gjin belied meitsje"

UNIS Flyers yn aksje © ANP
"Wy besykje belied te meitsjen en in struktuer del te setten wêrmei't we ús de kommende jierren ûntwikkelje kinne. En no hawwe wy wer ûnwissichheid." Foarsitter Henk Hoekstra fan iishockeyklup UNIS Flyers op It Hearrenfean.
Hy is min te sprekken oer de brief dy't Deputearre Steaten tiisdei oan steateleden en Twadde Keamerleden stjoerd hawwe.
Yn dat brief wurdt troch de provinsje oanjûn dat it mar de fraach is oft iisstadion Thialf nei de simmer wer iepen kin. Dat komt benammen troch de noch altyd hege enerzjyprizen. Wannear't dy heech bliuwe, tinkt Thialf dat it de enerzjyrekken oer it seizoen 2023/2024 net betelje kin. "Het is dan niet verantwoord om na de zomer te starten", sa is te lêzen yn it brief.
In sin dy't by Henk Hoekstra hielendal ferkeard fallen is, fertelt er in dei letter. "De kompetysje is hast klear foar ús. Ik bin folop dwaande mei de tariedings op takom seizoen. Mar mei dizze ûnsekerheid kin ik gjin belied meitsje."

'Gjin dúdlikheid'

Mei it each op it nije seizoen stean der in soad aksjepunten op it listje fan Hoekstra, sa leit er út. "Ik moat om tafel mei spilers foar nije kontrakten, ik moat nije klean bestelle, ik moat begjinne mei de ferkeap fan seizoenskaarten. Mar hoe kin ik dat dwaan wannear't de polityk mei dizze útspraken komt? Dat makket it foar ús sa lestich. Ik kin gjin bestelling fan tritich- of fjirtichtûzen euro dwaan as ik gjin dúdlikheid haw."
Flyers-foarsitter Henk Hoekstra wol dúdlikheid oer de takomst fan Thialf fan it Ryk
Twadde Keamerlid Harry Bevers fan de VVD begrypt de frustraasje fan Hoekstra folslein, sa seit er.
"Die onzekerheid is uitermate vervelend. Niet alleen voor het stadion, maar ook voor de gebruikers. Voor een club als de Flyers is het ongelooflijk lastig om de gesprekken te voeren met spelers en sponsoren. Daarom verrast deze brief mij ook, omdat daardoor die onzekerheid weer naar boven komt."

Sportdebat

Bevers hie graach sjoen dat Deputearre Steaten wachte hiene op it sportdebat dat op 5 april op it programma stiet yn de Twadde Keamer.
"Voor zover ik weet wordt er nog altijd gesproken tussen Thialf en de minister. In het debat moet naar voren komen hoe we ervoor staan, wat nog kan en wat niet kan. Dan zal minister Helder antwoord moeten geven op de vragen die door gedeputeerde staten en Thialf gesteld worden."
Woansdeitejûn spylje de Flyers yn Luik it tredde duel yn de finale fan de BeNe League. De stân yn de best-of-five serie is 1-1. Sneon is it fjirde duel op It Hearrenfean. By in 2-2 stân is it beslissende duel dan snein yn Luik.
Neffens Deputearre Steaten en Thialf sels leit de oplossing yn it kreëarjen fan in enerzjyhub yn it iisstadion. Dy soe it mooglik meitsje moatte om stroom op goedkeape oeren op te slaan en dy op djoerdere mominten werom te leverjen. In soarte fan batterij dus. Ek soe hjir de enerzjy fan de fiiftûzen sinnepanielen op it dak foar brûkt wurde kinne.
Dy enerzjyhub kostet yn totaal 3,5 miljoen euro. Dêrfan is 1 miljoen euro al tasein troch minister Helder. Foar de oerbleaune 2,5 miljoen is noch gjin dekking fûn.
"Het is niet de eerste gedachte die in mij opkomt om opnieuw geld te verstrekken", leit Bevers syn stânpunt út.
Twa of trije miljoen euro klinkt as in soad mar op de ryksbegrutting is it 'efter-de-komma-wurk'.
Foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers oer de kosten fan in enerzjyhub
"Eerst moet duidelijk worden wat de plannen van Thialf zijn en hoe we ervoor kunnen zorgen dat de bestaande afspraken uitgevoerd worden. Dan moet er ook nadrukkelijk gekeken worden naar de positie van de energiehub. Dat zal ook voorbij komen in het debat."
Flyersfoarsitter Hoekstra is helder as hy de fraach krijt wat der barre moat. "Wêr hawwe wy it oer? It giet om twa of trije miljoen euro. Dat klinkt as in soad, mar ast sjochst nei de ryksbegrutting is dat 'efter-de-komma-wurk'."
Ek Bevers giet derfan út dat der in oplossing komme sil. "Thialf is zo'n instituut in Fryslân. Daar gaan en moeten we uitkomen."