Alpentoerswel by Frjentsjer, fûgeltsjeminsken lûke manmachtich nei Fryslân ta

In alpentoerswel © ANP
In net-alledeisk byld woansdeitemiddei by de ôfrit fan de A31 by Frjentsjer: auto's yn de berm en kloften minsken mei grutte kamera's dy de kant fan de dyk del. De reden: de alpentoerswel liet him sjen en dat bart net faak in ús lân.
De alpentoerswel oerwinteret yn Afrika en lûkt dêrnei nei Súd-Europa en de Alpen, dêr nestelet er yn de simmer. Yn Nederlân komst it bist gewoanwei net tsjin.
Fûgeltsjeminsken besykje de alpentoerswel op de foto te setten © CAMJO Media
En dus lutsen fûgeltsjeminsken manmachtich nei Frjentsjer ta, doe't dêr in alpentoerswel sjoen waard. Sels út België wei kamen minsken nei Fryslân ta om it bist op de foto te setten.
De alpentoerswel is grutter as de gewoane toerswel. Fierder hat de fûgel in wyt liif en in wite flek op de kiel.
Jappie van der Pol © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
Tusken de fûgeltsjeminsken stiet Jappie van der Pol fan Snits. Hy besiket de alpentoerswel op de foto te setten, mar dat falt noch net ta. "It sweltsje is ien fan de fûgels dy't it dreechst te fotografearjen is, want se binne hiel fleanerich."
Dat it bist yn Frjentsjer hingjen bliuwt, hat neffens Van der Pol te krijen mei it feit dat hjir in protte michjes en ynsekten binne, iten foar de fûgel. Van der Pol fynt it machtich: "Dit is fantastysk. Sjochst my wol genietsjen?"